Johan Fabricius (folút: Johan Johannes Fabricius; Bandung, 24 augustus 1899 – Glimmen, 21 juny 1981) wie in Nederlânsk skriuwer, yllustrator, boekbânûntwerper foar in tal fan syn eigen útjeften, sjoernalist en aventoersman. Hy waard benammen bekend troch syn histoaryske jongesboek De Scheepsjongens van Bontekoe, út 1924, dat withoefolle kearen werprinte waard. Fabricius skreau yn totaal 99 boeken en gou as in rasferteller.
Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Fabricius waard yn 1899 yn Bandung, yn Nederlânsk-Ynje, berne as de soan fan 'e dichter en toanielskriuwer Jan Fabricius. As sadanich wied er in Nedersakser fan Drintsk komôf. Hy brocht syn jonkheid troch yn Nederlânsk-Ynje, oant er yn 1914, doe't er 15 jier wie, oerkaam nei Nederlân. Hy studearre in jier oan 'e keunstakademy yn De Haach foar't er him yn 1915, ûnder de Earste Wrâldoarloch, oanmelde by it leger fan Eastenryk-Hongarije, om inkele moannen lang as Kriegsmaler (oarlochsskilder) te fungearjen oan it Pavia-front yn wat no noardlik Itaalje is. Yn dy tiid makke er in tekenreportaazje oer it libben oan it front. Letter soed er ek it boek De Oorlog van de Kleine Paardjes skriuwe oer syn ûnderfinings dêre.
Priveelibben Yn 1925 troude Fabricius mei Ruth Freudenberg, mei wa't er twa soannen en in dochter krige. Nei't er yn 1968 widner wurden wie, wertroude er mei Anna Corneilia Bleeker.
Karriêre Fabricius skreau yn totaal 99 boeken, wêrûnder ek in soad jeugdboeken. Syn debútroman wie Eiko van den Reigerhof, út 1922. Syn bekendste wurk wie it jongesboek De Scheepsjongens van Bontekoe, út 1924, dat withoe faak werprinte wurde moast om oan 'e fraach fan 'e lêzers te foldwaan. De legerroman Het Meisje met de Blauwe Hoed, út 1927, waard yn 1934 ferfilme. Oare bekende wurken fan Fabricius wiene De Wonderbaarlijke Avonturen van Bartje Kokliko, dat yn trije dielen útkaam fan 1930 oant 1931, Komedianten Trokken Voorbij (1931), De Grote Geus (1949) en Gordel van Smaragd (1953). As kommersjele opdracht fan 'e Nederlandsche Olie Fabrieken (N.O.F.) Calvé-Delft skreau en yllustrearre Fabricius ek de reklamerige De Wondere Avonturen van Arretje Nof (1926-1927). Fierders fungearre er ek as yllustrator fan syn oare wurk en ûntwurp er sels gauris de omslaggen fan syn boeken.
Oan it begjin fan 'e Dútske besetting fan Nederlân yn 'e Twadde Wrâldoarloch slagge it Fabricius yn 1940 om as Ingelânfarder út te wiken nei it Feriene Keninkryk. Dêr wied er ûnder de oarloch aktyf as nijslêzer en kommentator by de BBC Dutch Service. Nei de oarloch wurke er yn 1945 as korrespondint foar de BBC en de krante The Times yn Aazje. Sa fersloech er dêre û.m. de Earste Polisjonele Aksje yn Nederlânsk-Ynje. Fia in grutte omwei kearde er úteinlik nei it Feriene Keninkryk werom, dêr't er oant 1956 wenjen bleau ear't er him wer yn Nederlân fêstige.
Hoewol't Fabricius syn wurk fan foar de Twadde Wrâldoarloch as it hichtepunt fan syn oeuvre jildt, ferskynden ek yn 'e 1950-er jierren noch ynkringende, tige goed dokumintearre romans as De Heilige Paarden, oer de yn Jeropa frijwol ûnbekende wrâld fan it Nederlânsk-Yndyske (en letter Yndonezyske) eilân Sûmba. Yn 1961 ferbleau Fabricius in skoft op Kurasau, yn 'e Nederlânske Antillen, dêr't er lêzings fersoarge ûnder de jierlikse boekewike. Oer dat eilân skreau er de roman Het Geheim van het Oude Landhuis, dy't yn 1965 útkaam, en de ferhalebondel Onder de Hete Caraïbische Zon, út 1970.
Yn 1963 ferskynde fan Fabricius fierders noch de roman Jongensspel, dêr't er ta ynspirearre waard troch de Baarnske moardsaak, dy't spile yn 1960-1963. Yn 'e 1970-er jierren folgen fan Fabricius fierders noch de roman Toontje Poland, ferskate wurken dy't weromgriepen op syn tiid yn Nederlânsk-Ynje, en it autobiografyske Memoires (1980). Behalven fiksjewurken wie Fabricius ek auteur fan ferskate reisferhaleboeken, lykas Een Reis door het Nieuwe Indonesië (1973) en Gringo (1976), oer in reis op 'e rivier de Paraguay, yn Súd-Amearika.
Ferstjerren Johan Fabricius kaam yn juny 1981 yn it Grinslânske Glimmen te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 81 jier. Hy waard deun dêrby begroeven op it Nederlânsk-Herfoarme Begraafplak oan 'e Pollseweg yn Noardlaren.
Wurk boeken 1922 – Eiko van den Reigerhof 1923 – Hansje Bluf, of: Het Zangersfeest van Koning Langelip 1924 – De Scheepsjongens van Bontekoe (yn 2011 kaam de 33e printinge út) Fryske oersetting: De Skipsjonges fan Bontekoe (fert. Anne Tjerk Popkema, 2015) 1925 – Hans de Klokkeluider, of: De Duivel in de Toren 1925 – Nagtegael 1927 – Het Meisje met de Blauwe Hoed ( werútjûn yn 1949, ferfilme yn 1934, en dramatisearre foar de tillefyzje yn 1972) 1928 – Charlottes Grote Reis (werútjûn yn 1930) 1926-1927 – De Wondere Avonturen van Arretje Nof (5 dielen, yn opdracht fan 'e Nederlandsche Olie Fabrieken (N.O.F.)) 1929 – Mario Ferraro's IJdele Liefde 1930-1931 – De Wonderbaarlijke Avonturen van Bartje Kokliko (3 dielen; útjefte: Van Nelle, Rotterdam) 1931 – Komedianten Trokken Voorbij 1931 – Venetiaans Avontuur 1932 – Melodie der Verten (werútjûn yn 1934) 1933 – Marietta 1934 – De Dans om de Galg 1934 – Leeuwen Hongeren in Napels 1938 – Kasteel in Karinthië 1938 – De Koning Gaat Voor 1938 – Groote Heren 1941 – Eiland der Demonen 1942 – A Malayan Tragedy 1944 – Nacht over Java 1945 – De Kraton 1947 – Hoe Ik Indië Terugvond 1947 – Halfbloed 1948 – Hotel Vesuvius 1949 – De Grote Geus 1949 – Brandende Aarde 1950 – Flipje 1951 – Mijn Huis Staat achter de Kim 1952 – Een Wereld in Beroering 1952 – De Ontvoering van Europa 1952 – Langs de Leie 1953 – Gordel van Smaragd 1953 – De Nertsmantel 1954 – Het Duistere Bloed 1954 – Toernooi met de Dood 1955 – Nacht zonder Zegen 1956 – Setoewo, de Tijger 1957 – Luie Stoel 1958 – Schimmenspel 1958 – Het Roverseiland in de Perzische Zee 1958 – Barrebart, de Wildeman uit de Bergen 1959 – De Vrolijke Bruiloft van Arretje en Annetje 1959 – De Heilige Paarden 1960 – Ballade van de Zeeman Joris Breebaert 1960 – Ballade van de Zilverreiger 1961 – Mijn Rosalia 1962 – Dromen Is Ook Leven 1963 – Jongensspel 1963 – Herinneringen van een Oude Pruik 1964 – Hopheisa, in Regen en Wind 1964 – Wat U Nodig Hebt, Mevrouw, Is een Vriend 1965 – Het Geheim van het Oude Landhuis 1965 – Dag, Leidseplein (werútjûn yn 1968) 1966 – Weet Je Nog, Yoshi? 1966 – De Avonturen van Jantje en Zijn Vrienden Koko en Sebastiaan 1967 – Heintje Heeft Kabouters op Zolder 1968 – Heintje en het Geheim van het Houten Paard Joris 1968 – Het Water Weet van Niets 1968 – Wij, Tz’e Hsi, Keizerin van China 1969 – Wittebroodsweken met Mama 1969 – Voorrijden, Mevrouw? 1969 – Heintje Speelt voor Leeuw 1970 – Heintje Bouwt een Huis voor Sinterklaas 1970 – Onder de Hete Caraïbische Zon (ferhalebondel) 1970 – De Kop van Jut 1971 – Met Klein Orkest 1971 – De Paradijsklok 1971 – Goldoni 1972 – Partnerruil Niet Uitgesloten 1972 – Hannekes Bruiloft 1972 – Shock-therapie 1973 – Carlinho, Mijn Kleinzoon 1973 – Een Reis door het Nieuwe Indonesië 1974 – Achter in de Molukken 1974 – Het Portret 1974 – Het Gordijn met de Ibissen 1975 – Barcarolle 1975 – Hendrik Jacobus Jut, of: De Dubbele Moord aan de Bogt van Guinea 1975 – De Oorlog van de Kleine Paardjes 1975 – De Wijze Goeroes van Benares 1976 – Er Zijn Geen Echte Gekken Meer op Capri 1977 – Toontje Poland 1977 – Dipanegara 1976 – Gringo (oer syn reis op 'e rivier de Paraguay yn 1922) 1978 – De Schreeuw van de Witte Kakatoe 1978 – Spelevaren met een Sultan 1978 – Toontje Poland onder de Tropenzon 1979 – De Zwaluwen van Klapanoenggal 1979 – Brieven uit een Djatihouten Kist 1979 – De Hoed met de Struisveer, of: Hoe Mijn Moeder in 1894 als 'Handschoentje' naar Indië Reisde 1980 – Het Beest uit de Zee 1980 – Memoires (autobiografy) 1980 – Als Vogelen uit de Hemel... 1981 – Het Zilveren Theeservies 1981 – De Bruiden in het Bad en Andere Duistere Daden (ferhalebondel) 1981 – De Brug over de Dordogne 1982 – De Put achter de Kembang Sepatoelangspylplaten 1974 – Oud-Indië: Sprookjes en Verhalen door Johan Fabricius''
Prizen en nominaasjes jier priis resultaat kategory foar1932 C.W. van der Hoogtpriiswûnn.f.t.oeuvre1957Kogge-eareringList fan dragers fan de Kogge-eareringwûnn.f.t.oeuvre
Keppelings om utens De Wonderbaarlijke Avonturen van Bartje Kokliko (twadde diel) De Scheepsjongens van Bontekoe op DBNL Biografy fan Fabricius troch it Ynstitút foar Nederlânske Skiednis It grêfmonumint fan Johan Fabricius
Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Nederlânsk nijslêzer Kategory:Nederlânsk kommentator Kategory:BBC-wurknimmer Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk berneboekeskriuwer Kategory:Nederlânsk reisferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk autobiograaf Kategory:Nederlânsk yllustrator Kategory:Nederlânsk boekbânûntwerper Kategory:Ingelânfarder Kategory:Nederlânsk balling Kategory:Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne Kategory:Nederlânsk persoan berne yn Nederlânsk-Ynje Kategory:Drintsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1899 Kategory:Persoan stoarn yn 1981