J.J. Voskuil, skriuwersnamme fan Johannes Jacobus (Han) Voskuil (De Haach, 1 july 1926 – Amsterdam, 1 maaie 2008) wie in Nederlânsk folkekundige en skriuwer fan romans en koarte sketsen.

Libben Voskuil wie de âldste soan fan Klaas Voskuil (1895-1975), haadredakteur fan Het Vrije Volk, dy't fral bekend wurden is troch syn VARA-radiorubryk Socialistisch Commentaar. J.J. Voskuil is ferneamd nei syn pake Johannes Jacobus Voskuil, dy't bakker wie te Swol.

Nei syn stúdzje Nederlânsk oan de Gemeentlike Universiteit yn Amsterdam wurke Voskuil as oersetter by de EGKS yn Straatsburch en neifolgjend yn it seizoen 1955/56 as learaar oan in kweekskoalle yn de stêd Grins. Werom yn Amsterdam die er as studint-assistint mei oan in útjefte fan it wurk fan P.C. Hooft. Yn 1957 kaam er yn tsjinst by it Instituut voor Dialectologie, Volks- en Naamkunde, it tsjintwurdige Meertens Ynstitút.

Voskuil hat troud west mei Lousje Haspers. Beide wiene dierebeskermers. Yn 1997 rjochte Voskuil de dierewolwêzenorganisaasje Stichting Varkens in Nood op, stipe troch skriuwer Koos van Zomeren en oaren. In protte eleminten út it persoanlik libben fan Voskuil en syn frou binne beskreaun yn syn boeken, sa as it net ha wollen fan in auto, harren leafde foar katten, it wenjen oan de Lijnbaansgracht nr. 84-hs (1956-1969) en de Herengracht (nr. 60 (1969-2008) yn Amsterdam en harren kuierfekânsjes yn Auvergne.

Nei in lange tiid fan siikwêzen hat Voskuil besletten ta eutanasy. Hy is thús stoarn. Op 8 maaie 2008 kaam er te hôf op Oud Eik en Duinen yn Den Haach.

Bibliografy In tige wiidweidige bibliografy, en fan de fersprate wittenskiplike en literêre publikaasjes fan J.J. Voskuil, is te finen yn Lam naast leeuw troch J. Heymans.

wittenskiplik wurk 1956 - Het Nederlands van Hindoestaanse kinderen in Suriname 1969 - Het ophangen van de nageboorte van het paard 1979 - Van vlechtwerk tot baksteen. Geschiedenis van de wanden van het boerenhuis in Nederland 1982 - Kohieren van de tiende penning van Overschie 1561 en Twisk 1561

bellettry 1963 - Bij Nader Inzien 1996 - Het Bureau deel 1: Meneer Beerta 1996 - Het Bureau deel 2: Vuile handen 1997 - Het Bureau deel 3: Plankton 1998 - Het Bureau deel 4: Het A.P. Beerta-Instituut 1998 - Dankwoord bij de aanvaarding van de Bordewijk-prijs (opnomd yn Tirade 373) 1999 - Het Bureau deel 5: En ook weemoedigheid 1999 - De moeder van Nicolien 2000 - Het Bureau deel 6: Afgang 2000 - Het Bureau deel 7: De dood van Maarten Koning 2000 - Ingang tot Het Bureau 2000 - Reisdagboek 1981 2002 - Requiem voor een vriend 2004 - Terloops, voettochten 1957-1973 2005 - Buiten schot, voettochten 1974-1982 2006 - Gaandeweg, voettochten 1983-1992 2007 - Kladboek 1955-1956 (kar út Voskuils deiboek, opnaam yn Tirade 417) 2007 - Onder andere, portretten en herinneringen 2007 - Bestiarium (koarte sketsen) 2007 - Alleen op de wereld (koart ferhaal, yn Tirade 421) 2008 - Mensenkinderen (toaniel, yn Tirade 424) 2009 - Binnen de huid

oar wurk 1963 - Als ik groot ben (gedicht) 1995 - Geert van Oorschot, Brieven van een uitgever (befettet ûnder oaren trije brieven oan J.J. Voskuil, foarôfgien troch syn neitins oan Van Oorschot) 2005 - Hanny Michaelis, Een keuze uit haar gedichten door J.J. Voskuil (karlêzing, gearstald en ynlaat troch J.J. Voskuil)

Prizen 1997 - F. Bordewijk-priis foar Het Bureau 1: Meneer Beerta en Het Bureau 2: Vuile handen. 1998 - Prix des Ambassadeurs foar Het Bureau 2: Vuile handen en Het Bureau 3: Plankton. 1998 - Libris literatuerpriis foar Het Bureau 3: Plankton. It prizejild brûkte Voskuil foar de finânsiering fan aksjes tsjin de yntensive bargehâlderij.

Het Bureau waard yn 2007 opnaam yn de list fan bêste Nederlânsktalige boeken fan alle tiden.

Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk reisferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk autobiograaf Kategory:Nederlânsk toanielskriuwer Kategory:Nederlânsk etnolooch Kategory:Nederlânsk etnograaf Kategory:Nederlânsk oersetter Kategory:Nederlânsk boekeredakteur Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk natoerbeskermer Kategory:Persoan dy't eutanasy ûndergien hat Kategory:Persoan berne yn 1926 Kategory:Persoan stoarn yn 2008