thumb|Wadman (1976) Anne Sybe Wadman (Langwar, 30 novimber 1919 - Snits, 6 febrewaris 1997) wie in Frysk (toaniel)skriuwer, dichter, literatuerkritikus en letterkundige dy't ek yn it Nederlânsk skreaun hat.

Biografy Wadman wie de âldste fan Gatze Wadman, gemeenteûntfanger, en Taetske de Jong.

Hy studearre Nederlânsk, skiednis, Frysk en musikology oan de Universiteit fan Amsterdam; en promovearre yn 1955 cum laude op in dissertaasje oer de 19e-iuwske skriuwer Hjerre Gjerrits van der Veen. As learaar en konrektor stie er oan ferskillende ûnderwiisynstellingen yn Fryslân en Grins. De Fryske skriuwster Hylkje Goïnga wie syn twadde frou.

Doe't er 15 jier wie kaam Wadman yn de kunde mei de Fryske Beweging. Dêr lizze de woartels fan syn skriuwerij. Hy begjint him los te meitsjen fan de 'bewegers' tusken 1945 en 1963. Hy waard in grut pleiter foar it modernisearjen fan de Fryske literatuer; dy moast kwa tematyk net ôfwike fan de Jeropeeske literatuer.

Hy wurdt algemien erkend as ien fan de grutste figueren yn de Fryske literatuer fan de 20e iuw. As redakteur en kritikus wie er ferbûn oan literêre tydskriften sa as Podium en De Tsjerne; en oan deiblêden sa as de Ljouwerter Krante, en de Frysktalige edysjes fan De Waarheid en Het Vrije Volk. Polityk wie er links oriïntearre; hy hie goede kontakten mei de skriuwer Theun de Vries en filosoof Lolle Nauta. Wadman publisearre ek yn it Nederlânsk en hat besocht ek bûten Fryslân troch te brekken. Dat slagge him net en guonts tinke dat Wadman doe hast safier wie en jou de skriuwerij deroan., Grimmig eerlijk, dissertaasje, 2009. Ryksuniversieit Grins / Afûk Fierders joech er inkelde jierren it ienmanstydskrift De Teannewâder út. Dêryn ferskynde ûnder oaren syn oersetting fan Sartres La putain respectueuse mei de titel 'In slet fan tsien dollar'.

Wadman wie saakkundich yn it werk fan Simon Vestdijk; wêroan't er ferskate essaybondels wijde. Begjin tachtiger jierren ûntstie it plan om mei Hans Visser in biografy fan Vestdijk te meitsjen. Dit plan koe net útfierd wurde omdat de widdo fan Vestdijk har meiwurking einige. Doe hat Wadman him weromlutsen.

Bibliografy (ûnfolslein) eigen wurk yn it Frysk 1945 – Fan Tsien Wâllen 1945 – Op Koart Front 1948 – Fioele en Faem 1949 – Reedridder 1951 – Kritysk Konfoai (essays) 1960 – Yn 'e Lytse Loege 1960 – Hoe Moat Dat Nou, Marijke? 1962 – De Oerwinning fan Bjinse Houtsma 1963 – De Smearlappen 1964 – Kûgels foar in Labbekak 1966 – By de Duvel to Bycht 1968 – De Feestgongers 1969 – Mei Abraham Fûstkje 1970 – It Rammeljen fan de Pels (yn it Nederlânsk as Een Klein Sadistisch Trekje) 1973 – As in Lyts Baeske 1982 – Yn Adam's Harnas 1990 – De Fearren fan de Wikel 1990 – It Kritysk Kerwei (resinsjes en skôgings 1950-1970) 1994 – Oer Oarmans en Eigen (essays en resinsjes 1972-1994) 1994 – In Okse nei de Slachtbank 2010 – De oarloch fan Wadman (omnibus) Kûgels foar in Labbekak In Bolle yn 'e Reak De Fearren fan de Wikel eigen wurk yn it Nederlânsk 1949 – Frieslands Dichters (blomlêzing) 1963 – De Smeerlappen 1965 – Handdruk en Handgemeen: Leesavonturen met Simon Vestdijk (essays) 1983 – Een Klein Sadistisch Trekje 1984 – De Verkrachting 1987 – De Terechtstelling oersettings 1987 – Woyzeck (nei Woyzeck, fan Georg Büchner) tydskrift Ienmanstydskrift De Teannewâder, 1961-1963

Keppeling om utens Fideofragmint Omrop Fryslân Biografy ING Skriuwersside Tresoar Skriuwersside DBNL

Kategory:Frysk romanskriuwer Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk toanielskriuwer Kategory:Frysk essayist Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk tydskriftredakteur Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Frysk oersetter Kategory:Oersetter nei it Frysk Kategory:Frysk literatuerkritikus Kategory:Frysk letterkundige Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk toanielskriuwer Kategory:Nederlânsk essayist Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk tydskriftredakteur Kategory:Nederlânsk oersetter Kategory:Nederlânsk literatuerkritikus Kategory:Nederlânsk letterkundige Kategory:Persoan berne yn Langwar Kategory:Persoan stoarn yn Snits Kategory:Persoan berne yn 1919 Kategory:Persoan stoarn yn 1997