250px|thumb|right|200px|Lizzing fan Leuven yn Flaamsk-Brabân thumb|200px|It stêdhûs thumb|right|200px|Grut Begynhof thumb|200px|Kollegiale Sint-Piterstsjerke Leuven (Nederlânsk en offisjeel: Leuven; Frânsk: Louvain) is in stêd en gemeente yn de Belgyske provinsje Flaamsk-Brabân. It is de sintraal lizzende haadstêd fan dizze provinsje en teffens it haadplak fan it bestjoerlike en gerjochtlike arrondissemint Leuven. Gemeente Leuven hat in oerflakte fan sawat 57 km² en hat mear as 92.000 ynwenners.

Leuven is ûnder mear bekend as fêstigingsplak fan de K.U.Leuven, de âldste universiteit yn de Lege Lannen, de multinational AB InBev (foarhinne InBev, Artois, letter noch Interbrew hiten) en it universitêr sikehûs Gasthuisberg.

Troch de iuwenlange oanwêzichheid fan de brouwerij Artois en it studintelibben wurdt Leuven ek wol de bierhaadstêd fan Flaanderen/Belgje neamd.

It besjen wurdich Yn Leuven is in soad te sjen (sjoch ek de foto's ûnderoan it artikel): It stedhûs De Grutte Merk It Marteldersplein De kollegiale Sint-Piterstsjerke yn Brabânske heechgoatyk (1425–± 1500) It Tafelrûn, it tredde goatyske gebou op de Grutte Merk It Fonske, in stânbyld op it Fochplein De Fiere Margryt (in stânbyld) De Lekkenhal (1317–1345) De Sint-Michielstsjerke (1650–1666) De heechgoatyske Sint-Kwintenstsjerke De Universiteitsbibleteek (1921–1929) op it Ladeuzeplein De Bûnsgenoatenleane en de Diestsestrjitte De Us Leaffrou-ten-Preekhearentsjerke De Sint-Jacobstsjerke It Grut Begynhof It Lyts Begynhof It Arenberchkastiel De Hortus Botanikus Lovaniensis, better bekend as de Krûdtún De stedsbibleteek Twaboarnen De Sint-Geertruitsjerke De Abdij Keizersberch Ferskate kolleezjes út ferskate tiidrekken (û.o. Iersk College, Amerikaansk Kolleezje, Collegium Trilingue) De Alde Merk Tal fan religieuze (û.o. tsjerken) en profane bouwurken It Jezuïtenkleaster It stasjon It hûs Guy Morillon De Abdij fan 't Park It Sint-Donatuspark

Foto's

Keppeling om utens Webstee fan de stêd Leuven

Kategory:Plak yn Flaamsk-Brabân Kategory:Gemeente yn Flaamsk-Brabân Kategory:Flaamske provinsjehaadstêd