thumb|thumbtime=1:38|Bordewijk (1954, P.C. Hooft-priis) Ferdinand Bordewijk (Amsterdam, 10 oktober 1884 – De Haach, 28 april 1965) wie in Nederlânsk abbekaat en skriuwer dy't ta de streaming fan de nije saaklikens en it magysk realisme rekkene wurdt.

Libben Hy studearre rjochten oan 'e Universiteit Leien. Nei syn stúdzje gong er oant wurk yn Rotterdam op in abbekatekantoar. Yn 1916 debutearre er mei de dichtbondel Paddestoelen ûnder pseudonym fan Ton Ven, dat er letter noch in stikmannich kearen brûkt hat.

thumb|Blokken (1931) thumb|Bint (1934) Hy krige mear erkenning mei trije koarte romans Blokken (1931), Knorrende beesten (1933) en Bint (1934) en twa langere romans, Rood paleis (1936) en Karakter (1938). Blokken is in roman oer in dystopy (anty-utopy) en ferskynde ien jier earder as Brave New World fan Aldous Huxley, dat er "in enoarme fodde" neamde.

Bordewijk boaske op 1 augustus 1914 mei de Nederlânske komponiste Johanna Roepman (1892 - 1971). Hy hat ûnder oare it libretto fan har opera Rotonde út 1941 skreaun.

Bordewijk wie aktyf yn it keunstnersferset. Syn hûs waard oan 'e ein fan de oarloch ferwoaste troch it bombardemint op it Bezuidenhout. Dêrby gie syn mânske bibleteek ferlern.

Yn de jierren sechtich hawwe in protte nije strjitten yn Den Haach de namme Bordewijk krigen, wêr't de Dreven en de Steden ûnder binne.

Hjoed-de-dei Bordewijks hiel eigen tematyk en styl makken dat er net in soad neifolge waard. Syn wurk wurdt noch in betreklik protte lêzen. Dat docht bliken út de goed tritich werprintingen yn de perioade 2000-2015 en út fertalingen yn it Italiaansk, Ingelsk, Dútsk, Turksk en Slowaaksk.Bordewijk in catalogus KB Den Haag Yn 2014 waard it Bordewijkgenoatskip oprjocht, dat aktiviteiten om de fyftichste stjerdei fan Bordewijk hinne yn 2015 organisearre.Webside Bordewijkgenootschap (31 maaie 2015)

Nammen De nammen dy't er brûkt yn syn romans falle tige op. Yn Bint komt it folgjende riichje foar: Peert – Kiekertak – Bolmikolke – Klotterbooke – Taas Daamde – Whimpysinger – De Moraatz – Van der Karbargenbok – Surdie Finnis - Schattenkeinder. Inkelde nammen út Karakter: Dreverhaven – Katadreuffe – Stroomkoning – Te George – Rentenstein – De Gankelaar. Yn Blokken dizze nammen: Glüschaint - De Marcas - Tannenhof - Tekalopte - Ypsilinti. Al dizze nammen hat er gewoan út it tillefoanboek helle.

Prizen 1949 - Priis foar keunsten en wittenskippen foar Noorderlicht. 1953 - P.C. Hooft-priis foar De doopvont en Studiën in volkscultuur. 1957 - Constantijn Huygenspriis foar syn hiele oeuvre.

Bibliografy 1916 - Paddestoelen (ûnder pseudonym fan Ton Ven) 1918 - Een koning van de frase (yn: Groot Nederland) 1919 - Fantastische vertellingen, verhalen 1923 - Fantastische vertellingen, tweede bundel 1924 - Fantastische vertellingen, derde bundel 1931 - Blokken (roman) 1933 - Knorrende beesten; de roman van een parkeerseizoen (roman) 1934 - Bint, de roman van een zender (roman) 1935 - De laatste eer, grafreden 1935 - 't Ongure Huissens 1936 - Rood paleis; ondergang van een eeuw (roman) 1936 - IJzeren agaven; studie in zwart met kleuren 1937 - De wingerdrank (seis novellen) 1938 - Huis te Huur (Boekewykepresint 1938) 1938 - Karakter; roman van zoon en vader (roman) 1940 - De Korenharp 1940 - Drie toneelstukken 1941 - Apollyon (roman) 1944 - Verbrande erven (as Emile Mandeau) 1946 - Eiken van Dodona 1946 - Veuve Vesuvius 1947 - Bij gaslicht (ferhalen) 1947 - Vijf fantastische vertellingen 1948 - Noorderlicht (roman) 1948 - Plato's dood, symfonisch gedicht 1948 - Rotonde (opera) 1949 - Blokken, Knorrende beesten, Bint (bondel) 1949 - Het eiberschild 1949 - Nachtelijk paardengetrappel 1949 - Zwanenpolder; twintig verhalen 1950 - Vertellingen van generzijds 1951 - De korenharp, nieuwe reeks 1951 - Studiën in volksstructuur 1952 - De doopvont 1954 - Haagse mijmeringen 1954 - Mevrouw en meneer Richebois; twintig korte verhalen 1955 - Arenlezing uit De korenharp (karlêzing) 1955 - Bloesemtak 1955 - Onderweg naar Beacons; twaalf korte verhalen 1956 - Geachte confrère; splendeurs en misères van het beroep van advocaat 1956 - Halte Noordstad; vermeerderd met drie eenacters en een monoloog (toanielstik) 1956 - Tien verhalen 1957 - Idem; tien parodieën 1958 - De aktentas, tien korte verhalen 1959 - De zigeuners; twaalf korte verhalen en een schets 1960 - Centrum van stilte; vijf verhalen 1961 - Tijding van ver (roman) 1961 - Paddestoelen (raad in) rijm (onder het pseudoniem Ton Ven) 1962 - Wandelingen door Den Haag en omstreken (ûnder pseudonym fan Ton Ven) 1964 - Lente; zeven verhalen 1964 - Jade, jaspis en de jitterbug (ûnder pseudonym fan Ton Ven) 1965 - De Golbertons Postúm 1981 - Dreverhaven en Katadreuffe 1981 - De Joodse cel 1982 - Zeven fantastische vertellingen; nagelaten feuilletons 1982-1991 - Verzameld werk (trettjn dielen) 1983 - Vijf kleine verhalen 1984 - Het vegetarisme van Mr. J.P. de Vries 1984 - De publieke fotolach 1984 - Straatnamen 2005 - Vrouwenhaar 2007 - Nagelaten documenten

Sjoch ek Ferdinand Bordewijkpriis

Kategory:Nederlânsk abbekaat Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk science fiction-skriuwer Kategory:Nederlânsk fantasyskriuwer Kategory:Nederlânsk toanielskriuwer Kategory:Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Persoan berne yn 1884 Kategory:Persoan stoarn yn 1965