Bill Clinton, folút William Jefferson Clinton, en berne as William Jefferson Blythe III (Hope (Arkansas), 19 augustus 1946), is in Amerikaansk Demokratysk politikus, dy't fan 1993 oant 2001 de 42ste presidint fan 'e Feriene Steaten wie. Foartiid hied er steatsminister fan Justysje en gûverneur fan 'e steat Arkansas west. Hy wie de earste baptistyske en ek de earste nei de Twadde Wrâldoarloch berne Amerikaanske presidint, en wie tige populêr ûnder de Demokraten en tige hate ûnder de Republikeinen.
Under syn regear fierde Clinton binnenlânske herfoarmings troch, en op bûtenlânsk mêd hied er te krijen mei it fiasko fan 'e Amerikaanske fredesmissy yn Somaalje, de earste oanslaggen fan Al-Qaida, en de Joegoslavyske Oarloggen, dy't úteinlik laten ta syn militêr yngripen yn Kosovo. Syn presidintskip waard wat bedoarn troch it langrinnende Lewinsky-skandaal, feroarsake troch syn seksuële omgong mei Monica Lewinsky, in stazjêre yn it Wite Hûs. Clinton is troud mei Hillary Rodham Clinton, dy't nei ôfrin fan syn presidintskip in eigen politike karriêre begûn en senator en minister fan Bûtenlânske Saken wie.
Libben Jonkheid en komôf Clinton waard yn 1946 berne yn it plakje Hope, yn 'e súdlike steat Arkansas, yn it pleatslike sikehûs. Syn âldelju wiene William Jefferson Blythe jr., in omreizgjend ferkeaper dy't in fearnsjier foar Clinton syn berte dea rekke by in ferkearsûngemak, en dy syn frou Virginia Dell Cassidy (1923-1994), dy't koart nei syn berte nei New Orleans ta sette om dêr in oplieding ta ferpleechster te folgjen. Clinton bleau yn Hope efter op 'e noed fan syn pake en beppe, Eldridge en Edith Cassidy, dy't in lytse krudenierswinkel hiene dêr't se waren op 'e pof ferkochten oan lju fan alle rassen, nettsjinsteande it feit dat doedestiden yn it Amerikaanske Suden de rasseskieding noch fan krêft wie. left|thumb|250px|It hûs fan Clinton syn pake en beppe yn Hope, dêr't er syn iere jonkheid trochbrocht.
Doe't Clinton fjouwer jier wie, kearde syn mem werom nei Arkansas, en wertroude se mei in Roger Clinton sr., mei wa't se har nei wenjen sette yn it plak Hot Springs, dêr't har nije man mei syn broer in autosaak hie. Hoewol't Clinton fan dy tiid ôf de namme fan syn styfheit brûkte, liet er syn efternamme pas formeel feroarje yn 1961, doe't er fyftjin jier wie. Neffens syn eigen sizzen wie syn styfheit in gokker en in alkoholist, dy't sawol syn mem as syn jongere healbroer Roger Clinton jr. geregeldwei sa slim mishannele dat Bill Clinton sels as opslûpen jonge mei de fûsten tuskenbeiden komme moast.
Oplieding en trouwen Clinton gie yn Hot Springs nei de legere en de middelbere skoalle, dêr't er û.m. saksofoanles folge en letter yn 'e skoalband spile. As jonge fan sechstjin brocht er yn 1963 as fertsjintwurdiger fan syn skoalle in besyk oan it Wite Hûs, dêr't er presidint John F. Kennedy mette; datselde jiers harke er nei de I Have a Dream-taspraak fan 'e swarte boargerrjochtelieder Martin Luther King, dêr't er sa fan ûnder de yndruk rekke, dat er him letter yn syn folsleinens út 'e holle learde. Dy beide foarfallen makken dat Clinton besleat om yn 'e polityk te gean. Hy wist in stúdzjebeurs te bemachtigjen om oan 'e ferneamde Georgetown Universiteit yn Washington, D.C. te studearjen, dêr't er yn 1968 in bachelorstitel bûtenlânske wittenskippen behelle. De simmer fan 1967 brocht er troch mei as stazjêr te wurkjen foar senator J. William Fulbright fan Arkansas.
Mei in nije stúdzjebeurs gied er nei de Britske Universiteit fan Oxford, dêr't er filosofy, polityk en ekonomy (ien kombinearre oplieding) studearre. Clinton syn politike tsjinstanners beweare dat er yn dyselde snuorje de politike ynfloed fan senator Fulbright brûkte om syn tsjinstplicht yn 'e Fjetnamoarloch te ûntdûken. Dêr sit in kearn fan wierheid yn (Fulbright skynt yndie kontakt opnommen te hawwen mei de Amerikaanske Striidkrêften om Clinton út 'e wyn te hâlden), en al moat sein wurde dat Clinton neat yllegaals ûndernommen hat, moreel sjoen wie it net sjyk, wat er die. Nei't er weromkeard wie út Jeropa, learde Clinton fierder oan 'e rjochteskoalle fan 'e prestizjeuze Universiteit fan Yale, yn New Haven, dêr't er syn stúdzje yn 1973 beëinige as master yn de rjochten. right|thumb|250px|Clinton, krekt keazen as gûverneur, mei presidint Jimmy Carter, yn 1978.
Underwilens wied er yn 1971 yn ien fan 'e bibleteken fan Yale yn 'e kunde kommen mei Hillary Rodham, dy't ek rjochten studearre. Hja krigen wat mei-inoar en wiene al gau ûnskiedber. Se trouden op 11 oktober 1975, en krigen ien bern, in dochter, Chelsea Clinton, dy't berne waard op 27 febrewaris 1980.
Iere politike karriêre Nei't er ôfstudearre wie oan Yale kearde Clinton werom nei Arkansas, dêr't er heechlearaar rjochten waard oan 'e Universiteit fan Arkansas, yn Fayetteville. Yn 1974 stelde er him foar de Demokratyske Partij kandidaat foar it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen, mar hy waard ferslein troch it sittende Republikeinske kongreslid John Paul Hammerschmidt. Twa jier letter, yn 1976, wûn Clinton lykwols de ferkiezing ta steatsminister fan Justysje fan Arkansas. Dat amt ferfolle er fan 1977 oant 1979. Yn 1978 stelde er him kandidaat foar it gûverneurskip fan Arkansas, en ek dy ferkiezings wûn er, sadat er fan 1979 oant 1981 de 40ste gûverneur fan syn thússteat wie (en teffens, mei 32 jier, de jongste gûverneur fan it lân).
As gûverneur lei Clinton him fral ta op herfoarming fan it ûnderwiis en fernijing fan it wegenetwurk fan Arkansas. De ynfiering fan in ympopulêre belesting op auto's en algemiene lulkens oer de ûntsnapping, yn 1980, fan Kubaanske flechtlingen (fan 'e Boatekrisis fan Mariel) dy't fêstholden waarden yn Fort Chaffee, makke lykwols dat Clinton de gûverneursferkiezings fan 1980 ferlear oan syn Republikeinske útdager Frank D. White. Sa waard Clinton ek de jongste âld-gûverneur yn 'e skiednis fan 'e Feriene Steaten. Fan 1981 oant 1983 wied er wurksum by in abbekatekantoar yn Little Rock, mar yn 1982 waard er werkeazen as gûverneur, sadat er fan 1983 oant 1992 3½ termyn lang de 42ste gûverneur fan Arkansas wie (begjinnend yn 1987 waard de amtstermyn fan 'e Arkansaanske gûverneur ferlinge fan twa oant fjouwer jier). Under syn twadde gûverneurskip wiene Clinton en de frou behelle yn twifelige saaklike oerienkomsten dy't letter ta it Whitewater-skandaal laten, dat harren har hiele politike karriêre efterfolgje soe. Nei't der ferskate jierren lang djipgeand ûndersyk nei dien wie, besleat it Iepenbier Ministearje lykwols om yn dy saak gjin oanklachten tsjin 'e Clintons yn te bringen. left|thumb|200px|Bill Clinton mei syn frou Hillary en syn dochter Chelsea yn it Wite Hûs.
Presidintskip By de presidintsferkiezings fan 1992 besleat Clinton himsels kandidaat te stellen foar dat alderheechste Amerikaanske amt, dat fan presidint. Yn 'e foarferkiezings fan syn partij wist er frij ferrassend de Demokratyske nominaasje te bemachtigjen, sadat er it by de eigentlike ferkiezings opnimme koe tsjin 'e sittende Republikeinske presidint George H.W. Bush. Dy hie de kiezers by de presidintsferkiezings fjouwer jier earder mei de legindaryske wurden "Read my lips: no new taxes!" ("Lês myn lippen: gjin nije belestingen!") ûnthjitten dat er gjin nije belestings ynfiere soe, mar hie dat ûnthjit letter brutsen. De garismatyske Clinton helle dit sitaat de hiele kampanje troch te pas en te ûnpas oan, en yn 'e mande mei de swakke steat fan 'e ekonomy wie dat genôch om him oan 'e ferkiezingsoerwinning te helpen. Sa waard Clinton de 42ste presidint fan 'e Feriene Steaten, in amt dat er fan 1993 oant 2001 ferfolle (syn twadde termyn wûn er yn 1996, troch syn Republikeinske útdager Bob Dole te ferslaan).
Binnenlânsk belied As presidint besocht Clinton it Amerikaanske begruttingstekoart werom te bringen troch de belestings foar de rykste 1,2% fan 'e Amerikanen te ferheegjen, wylst er de belestings foar de alderearmsten en foar lytse ûndernimmers krekt ferlege. Dêrfoar krige er gjin inkele stipe fan 'e Republikeinen, mar om't de Demokraten yn 'e earste jierren fan syn presidintskip in mearderheid yn 'e beide huzen fan it Amerikaanske Kongres hiene, koed er dit plan dochs trochfiere. Fierders besocht Clinton syn hiele presidintskip lang om 'e Amerikaanske sûnenssoarch te herfoarmjen, in projekt dêr't ek syn frou Hillary oant kop en earen yn behelle wie, mar troch tsjinwurking fan 'e Republikeinen slagge him dat net. Op ekonomysk mêd tekene Clinton yn 1994 de NAFTA, in frijhannelsferdrach tusken de Feriene Steaten, Kanada en Meksiko, dêr't syn foargonger George H.W. Bush it inisjatyf ta nommen hie. right|thumb|250px|In ferneamd momint: ûnder in parse-konferinsje mei de Russyske presidint Boris Jeltsin kin Clinton net mear ophâlde fan laitsjen.
Yn 'e Amerikaanske Striidkrêften fierde Clinton yn 1993 it Don't Ask, Don't Tell-belied yn, dat homo's en lesbiënnes foar it earst tastie om yn 'e kriichsmacht te tsjinjen salang't se mar net iepentlik foar harren seksuële oriïntaasje útkamen. Dit wie in kompromis nei't syn plan om homo's en lesbiënnes iepentlik tsjinje te litten op 'e non rûn wie. (Dat soe pas yn 2011 mooglik wurde, ûnder it presidintskip fan Barack Obama.) Yn septimber 1996, oan 'e foarjûn fan syn werferkiezing, tekene Clinton fierders de Defense of Marriage Act (DOMA), in wet dy't it de ôfsûnderlike Amerikaanske steaten tastie om te kediizjen oer it al of net erkennen fan it homohoulik. Dizze wet kaam Clinton op grutskalige krityk fan homorjochte-aktivisten te stean, dy't it as in goedkeape trúk ta harren skea seagen om Clinton oan in twadde amtstermyn te helpen.
Bûtenlânsk belied Op it mêd fan bûtenlânsk belied hie Clinton yn it begjin fan syn presidintskip te krijen mei de fredesmissy yn it troch boargeroarloch ferskuorde Somaalje, dy't troch George H.W. Bush yn it lêst fan syn amtstermyn noch op poaten set wie. Yn 1993 einige dy yn 'e Slach om Mogadisjû, wêrby't Somalyske striders twa Amerikaanske helikopters delskeaten en in gefjocht oangiene dat oan Amerikaanske kant 18 deaden en 73 ferwûnen ta gefolch hie. Guon fan 'e deaden waarden skeind en troch de strjitten fan stêd sleept, wêrfan't de bylden útstjoerd waarden op 'e Amerikaanske tillefyzje. Dy katastrôfe resultearre yn in folsleine weromlûking fan Amerikaanske troepen út Somaalje. left|thumb|250px|Clinton mei de Israelyske minister-presidint Yitzhak Rabin en de Palestynske foaroanman Yasser Arafat by it sluten fan 'e Oslo-akkoarten, yn 1993.
Yn 1995 liet Clinton ûnder de Bosnyske Oarloch ferskate kearen loftoanfallen útfiere tsjin Bosnysk-Servyske doelen. Nei de oanslaggen op twa Amerikaanske ambassades yn Kenia en Tanzania, troch Al-Qaida, liet er yn 1998 doelen yn Sûdaan en Afganistan bombardearje. Yn desimber fan dat jier liet er ûnder de namme Operation Desert Fox fjouwer dagen lang Irak bombardearje, om 'e dwerse diktator Saddam Hoessein wer tusken de stokken te krijen. En yn 1999 joech er tastimming foar in Alliëarre operaasje ûnder it foech fan 'e NATO, om 'e Federale Republyk Joegoslaavje (besteande út Servje en Montenegro) te bombardearjen om sa presidint Slobodan Milošević te twingen en stopje de genoside tsjin 'e etnyske Albanezen dy't doedestiden geande wie yn 'e autonome Joegoslavyske provinsje Kosovo.
As fredesstifter wie Clinton ek aktyf; sa waarden mei syn stipe en/of ûnder syn druk de Oslo-akkoarten tekene tusken de Israelyske minister-presidint Yitzhak Rabin en de Palestynske foaroanman Yasser Arafat, al mislearren letter fierdere besprekkings yn Camp David, tusken Arafat en Rabin syn opfolger Ehud Barak. Yn 1995 wie Clinton ek grutdiels ferantwurdlik foar it ta stân kommen fan 'e frede dy't in ein makke oan 'e Joegoslavyske Oarloggen, mei it Ferdrach fan Dayton. En yn 1998 wied er djip behelle yn 'e fredesûnderhannelings yn Noard-Ierlân, dy't laten ta it Goede-Freedsakkoart.
Lewinsky-skandaal right|thumb|150px|Monica Lewinsky.