Ronald Reagan (folút: Ronald Wilson Reagan; Tampico (Illinois), 6 febrewaris 1911 – Los Angeles (Kalifornje), 5 juny 2004), wie in Amerikaansk akteur, radiopresintator, tillefyzjepresintator, skriuwer, fakbûnslieder en politikus fan mingd Iersk-Skotsk-Ingelsk etnysk komôf. Hy makke yn 'e 1940-er jierren karriêre as film- en tillefyzje-akteur yn Hollywood, waard foarsitter fan it ynfloedrike Screen Actors Guild (it fakbûn fan filmakteurs), en rekke geandewei de jierren fyftich en sechstich almar mear belutsen by de polityk. Fan 1967 oant 1975 wied er gûverneur fan Kalifornje, en yn 1976 besocht er om 'e nocht en behelje de Republikeinske nominaasje foar it presidintskip. Yn 1980 slagge him dat al, en doe fersloech er by de ferkiezings de sittende Demokratyske presidint Jimmy Carter.

As presidint, in amt dat Reagan fan 1981 oant 1989 ferfolle, fierde er in tige rjochtse binnenlânske polityk, dy't goed wie foar de ekonomy, mar dy't makke dat de swakkeren yn 'e maatskippij yn 'e kjeld kamen te stean. Op bûtenlânsk mêd fierde er in agressive polityk dy't de Feriene Steaten behellen yn militêre konflikten mei Grenada, Lybje en Nikaragûa, en dy't himsels slim yn 'e swierrichheden brocht doe't it Iran-Kontra-skandaal oan it ljocht kaam. Teffens wurdt gauris it beëinigjen fan 'e Kâlde Oarloch oan him taskreaun, al miene kritisy dat dy ek sûnder him wol einige wêze soe. Yn it earste jier fan syn presidintskip oerlibbe er in moardoanslach. Nei ôfrin fan syn presidintskip waard bekend dat er oan 'e sykte fan Alzheimer litte. Hy is noch altyd in held fan 'e Amerikaanske konservativen.

Libben Jonkheid en oplieding Ronald Reagan waard op 6 febrewaris 1911 berne yn Tampico, yn 'e steat Illinois, as de soan fan Jack Reagan, in ferkeaper waans pakes en beppes ymmigranten út Ierlân wiene, en Nelle Wilson, dy't Skotske en Ingelske foarâlden hie. Hy groeide op yn in gesin mei ien âldere broer, Neil. Fanwegen syn heite wurk ferhuze it gesin gauris, en Reagan wenne yn syn bernetiid û.m. lytse hoartsjes yn Monmouth, Galesburg en Chicago, kearde yn 1919 eefkes yn Tampico werom, en kaam úteinlik, yn 1920, te wenjen yn Dixon. Hy waard grutbrocht yn it leauwe fan 'e Dissipels fan Kristus, de protestantske tsjerke dêr't syn mem lid fan wie.

Nei de middelbere skoalle studearre Reagan oan it Eureka College, te Eureka, dêr't er û.m. lid wie fan it cheerleaderstiim en it American footballtiim, oanfierder fan it swimtiim en foarsitter fan it studintebûn. As bybaantsje wied er yn dy snuorje baaimaster yn Lowell Park, fuortby Dixon, dêr't er yn seis jier tiid 77 rêdingsaksjes útfierde. Yn 1932 studearre er ôf yn ekonomy en sosjology. Neitiid ferfear er nei Iowa, dêr't er oannommen waard troch de Universiteit fan Iowa, yn Iowa City, om op 'e radio de thúswedstriden fan it pleatslike universiteitsfootballtiim te ferslaan. Letter fûn er wurk as fulltime-radiopresintator by in radiostasjon yn Davenport, en dêrnei by in grutter radiostasjon yn Des Moines. Wylst er yn 1937 as sportferslachjouwer op 'e radio foar in útwedstryd yn Kalifornje wie, died er dêr in audysje dy't late ta in sânjierrich kontrakt mei de filmstudio Warner Bros.

Aktearkarriêre Reagan brocht syn earste pear jier yn Hollywood troch mei it spyljen yn B-films, dêr't kwaliteit minder wichtich wie as it heljen fan deadlines. Syn earste filmrol spile er yn Love Is on the Air, út 1937, en tsjin ein 1939 hied er al meiwurke oan 19 films, wêrûnder Dark Victory, mei Bette Davis en Humphrey Bogart. Hy waard lykwols pas bekend mei syn rol yn Knute Rockne, All American (1940), as George Gipp, byneamd "The Gipper" (in bynamme dy't oergie op Reagan sels, en dy't er syn hiele libben behâlde soe). Oare bekende rollen hied er yn 'e western Santa Fe Trail (1940), mei Errol Flynn, en yn Kings Row (1942), wêryn't er in man spile fan wa't beide skonken ôfset wiene. left|thumb|200px|Ronald Reagan as presintator op 'e Amerikaanske tillefyzje.

Fral mei dy lêste rol wûn Reagan in protte loovjende kritiken, mar hy koe syn súkses net kapitalisearje, mei't er krekt doe oproppen waard foar syn tsjinstplicht. Fanwegen syn bysjendheid brocht er de Twadde Wrâldoarloch yn 'e Feriene Steaten sels troch, as luitenant en sûnt 1943 as kaptein by de 1ste Motion Picture Unit fan it Amerikaanske Leger, yn it Kalifornyske Culver City, dy't benammen trainingsfilmkes foar de Amerikaanske Loftmacht makke. Nei't er yn desimber 1945 ôfswaaid wie, kearde er werom yn Hollywood, dêr't er lykwols nea syn foaroarlochske stjerrestatus weromwûn. Lykwols spile er noch yn films as The Voice of the Turtle, John Loves Mary, The Hasty Heart, Bedtime for Bonzo, Cattle Queen of Montana, Tennessee's Partner en Hellcats of the Navy. Syn lêste rol hied er yn The Killers, út 1964, en dat wie teffens de iennichste kear dat er in smjunt spile.

Hoewol't Reagan him yn 't earstoan kritysk útlitten hie oer it medium tillefyzje, wied er letter, doe't er geandewei de jierren fyftich almar minder filmrollen bemachtigje koe, twongen om ek foar de tillefyzje te wurkjen. Hy waard presintator fan General Electric Theater, in wyklikse dramarige dy't tige populêr waard. Syn lêste baan as akteur wie yn 'e tillefyzjesearje Death Valley Days, fan 1964 oant 1965.

Yn 1941 waard Reagan foar it earst keazen yn 'e rie fan bestjoer fan it Screen Actors Guild ("Filmakteursgilde"; SAG), it fakbûn fan Amerikaanske filmakteurs. Nei syn militêre tsjinst waard er yn 1946 keazen ta foarsitter, en letter noch foar sân terminen fan ien jier werkeazen, sadat er foarsitter fan it SAG wie fan 1946 oant 1952 en nochris yn 1959. Hy late de organisaasje troch ûnlijige jierren fol arbeidskonflikten en de heksejacht op Amerikaanske kommunisten troch it Komitee oangeande Unamerikaanske Aktiviteiten fan it Hûs fan Offurdigen (HUAC). Folle letter kaam oan it ljocht dat Reagan en syn earste frou Jane Wyman yn 'e fjirtiger jierren ynformanten wiene foar de federale resjerzje FBI, oangeande lju mei kommunistyske sympatyen yn Hollywood. right|thumb|250px|Ronald en Nancy Reagan yn 1964.

Priveelibben Yn 1938 kaam Reagen op 'e set fan 'e film Brother Rat yn 'e kunde mei de aktrise Jane Wyman (1917-2007). Hja trouden op 26 jannewaris 1940 te Glendale, yn Kalifornje, en krigen twa biologyske bern: Maureen (1941-2001) en Christine (dy't berne waard yn 1947, mar nei ien dei al kaam te ferstjerren), en namen in trêden oan: Michael (1945). Nei't se deilis rekke wiene oer Reagan syn politike ambysjes liet Wyman har yn 1948 fan Reagan skiede (Reagan is noch altyd de iennichste Amerikaanske presidint ea dy't skieden wie).

Yn 1949 mette Reagan de aktrise Nancy Davis (1921), doe't dy kontakt mei him opnaam yn syn hoedanichheid as foarsitter fan it SAG, om't hja betize wie mei in oare aktrise mei deselde namme en kommunistyske sympatyen, en sadwaande op in swarte list bedarre wie. Hy wertroude mei har op 4 maart 1952 te Los Angeles, wêrby't de bekende akteur William Holden syn tsjûge wie. Mei syn twadde frou krige er noch twa bern: Patti (1952) en Ron (1958). Nei't it skynt beholden Reagan en Nancy altiten in yntime relaasje; sy neamde him "Ronnie", en hy har "Mommy".

Iere politike karriêre Reagan sette mei syn politike karriêre útein as lid fan 'e Demokratyske Partij, mar mei ûnder ynfloed fan Nancy skode er geandewei de fyftiger jierren almar fierder op nei rjochts. Hoewol't er yn 1962 offisjeel fan partij wiksele en in Republikein waard, behold er guon fan syn iere politike ideeën. Sa wied er al fan it begjin ôf oan in fûleindich tsjinstanner fan nukleêr wapenreau (inkeld de druk dy't op him útoefene waard troch de Warner Bros.-studio kaam foar dat er dêr yn desimber 1945 yn Hollywood in demonstraasje tsjin late), en ûnder syn lettere presidintskip soed er him ynsette om 'e wapenwedrin mei de Sovjet-Uny te beëinigjen en de oantallen nukleêre wapens safolle mooglik te beheinen.

Yn 'e iere sechstiger jierren joech Reagan opsjoch troch him tsjin beskate aspekten fan 'e nije boargerrjochtewetjouwing te kearen. Hoewol't er al fan bern ôf oan tsjin rasisme en diskriminaasje wie, fûn er it in net te fernearen beheining fan persoanlike rjochten dat de oerheid it hûseigners ferbiede soe om swarten fanwegen harren hûdskleur as hierders ôf te wizen. Dat wie fansels in ûnhâldbere posysje, en meitiid seach er dat sels ek yn en joech er syn tsjinakseling op dat punt op. Yn dyselde tiid waard er lid fan 'e Amerikaanske wapenlobby NRA, dêr't er de rest fan syn libben lid fan bliuwe soe. left|thumb|200px|Ronald Reagan yn 1976.

Yn 1966 stelde er him kandidaat foar it gûverneurskip fan 'e steat Kalifornje. Hy fersloech by de ferkiezings de sittende Demokratyske gûverneur Pat Brown, en regearre dêrnei twa terminen lang, fan 1967 oant 1975, oer de grutste en machtichste steat fan 'e Feriene Steaten. Under syn kampanje hied er yndruk makke op it konservative diel fan it elektoraat mei sokke rjochtse retoryk as dat er "de liddichgongers út 'e bystân wer oan it wurk sette" soe, en dat er "de rotsoai yn Berkeley opromje" soe (ferwizend nei de anty-oarlochsbeweging dy't konsintrearre wie om 'e Universiteit fan Kalifornje te Berkeley). As gûverneur besocht er dy útspraken wier te meitsjen en rekke er sadwaande om it hoartsje yn heech oprinnende konflikten fersyld mei demontranten en de opposysje. Hy wie ferantwurdlik foar it bloedich delslaan fan protesten te Berkeley op 15 maaie 1969, in dei dy't bekend kaam te stean as Bloody Thursday, en wêrby't in deade foel en in oare demonstrant blyn rekke. Reagan sei: "As der in bloedbad nedich is, dan no fuortendaliks mar. De knyntsjedagen binne om." Doe't de stedsguerylja fan it Symbioneeske Befrijingsleger (SLA) miljonêrsdochter Patty Hearst ûntfierde en de distribúsje fan iten oan 'e earmen easke, murk Reagan op: "Spitich dat we gjin epidemy fan botulisme hawwe kinne." Yn 1967 tekene er de earste abortuswet fan Kalifornje, mar doe't er besefte wat de "gefolgen" (sa't er it sels formulearre) dêrfan wiene, kundige er oan dat er anty-abortus wie, en hold dat de rest fan syn libben fol. Teffens wied er in grut foarstanner fan 'e deastraf, en fûn er it tige frustrearjend dat der fanwegen it krewearjen fan syn tsjinstanners ûnder syn hiele gûverneurskip mar ien deastraf yn Kalifornje útfierd waard.

Yn 1976 stelde Reagan him kandidaat foar it Amerikaanske presidintskip, mar hy moast it by de Republikeinske foarferkiezings ôflizze tsjin 'e sittende presidint Gerald Ford, dy't de ferkiezings dêrnei ferlear oan 'e Demokratyske kandidaat Jimmy Carter. Reagan soarge derfoar dat er ûnder Carter syn presidintskip yn 'e belangstelling bleau troch as polityk kommentator foar de radio te wurkjen. Yn 1980 stelde er him wer kandidaat, en diskear wûn er de foarferkiezings en sleepte er de Republikeinske nominaasje yn 'e wacht. By de eigentlike ferkiezings naam er it op tsjin Carter, waans populariteit yn it neigean rekke wie troch de minne ekonomyske sitewaasje en de Iraanske Gizelderkrisis (wêrby't 52 Amerikaanske diplomaten en ambassademeiwurkers nei de Islamityske Revolúsje yn Iraan 444 dagen lang, fan 1979 oant 1981, op 'e Amerikaanske ambassade yn Teheran yn gizeling holden waarden). Sadwaande wisten Reagan en syn running mate (fise-presidintskandidaat) George H.W. Bush frij maklik de ferkiezings te winnen, mei 44 fan 'e 50 steaten en 489 stimmen yn it Electoral College tsjin 49 foar Carter, en 50,7% fan 'e stimmen tsjin 41%. right|thumb|250px|Ronald Reagan mei Gerald Ford op it poadium op 'e Republikeinske Nasjonale Konvinsje fan 1976.