Foarfallen Boudewyn II folget syn heit Boudewyn I op as greve fan Flaanderen. De Wytsingen falle lâns de rivieren mei in grut leger it noarden fan it westlike Frankenryk binnen en geane plonderjend troch it lân. Dit is it begjin fan in oarloch dy't 13 jier duorje sil. Se fêstigje bases yn ûnder oare Gint, Leuven, Elsloo, Koartryk en Amiens. Sels Parys moat it belije. Septimber. De soannen fan Loadewyk de Stammerder wurde yn Ferrières ta kening kroane en salve. De 16-jierrige Loadewyk III krijt Neustrje en har noardlike Marken, syn jongere broer Akwitaanje en Boergonje 15 oktober - Boso, de sweager fan Karel de Keale, dy't gjin rjocht hat him Karolinger te neamen ropt himsels yn Vienne ta kening út.

Berne 17 septimber - Karel III de Ienfâldige of de Simpele, Kening fan West-Frânsje 1 novimber - Loadewyk de Stammerder, kening fan de Franken († 879)

Ferstoarn 2 jannewaris - Boudewyn I mei de izeren earm, Greve fan Flaanderen Zdeslav fan Kroaasje, hartoch fan Kroaasje

Kategory:9e iuw