Foarfallen By de ferkiezing fan Paus Marinus I wurdt de regel dat in paus net earst biskop west hawwe mei opside setten. Neffens it Konsily fan Nicaea (325) stie soks lyk mei bigamy. Nei de dea fan syn âldere broer nimt Karloman fan Frankryk de regeering fan it hiele West-Frankyske Ryk oer. De portus by Dimter wurdt troch de Wytsingen plondere. De hof en delsetting Sutfen wurdt troch de Wytsingen plondere en in soad ynwenners wurde fermoarde (earste archeologyske bewiis fan in wytsingoanfal op it fêste lân fan Europa). Karel de Dikke sjocht him needsake te oanfurdigjen dat de Denen har ûnder harren lieder Godfried de Noarman yn Fryslân fêstigje. Godfried lit him dope en boasket mei Gisela, in dochter fan Lotarius II. Oleg fan Kiev nimt Kiev yn en makket it ta haadstêd.
Berne
Ferstoarn 20 jannewaris - Loadewyk III fan East-Fransje, nei in ûngelok op it hynder. Paus Johannes VIII, mooglik troch moard, (Paus fan 872 - 882) 5 augustus - Loadewyk III fan Frankryk
Kategory:9e iuw