thumb|Nanne Ottema Nanne Ottema (Ljouwert, 4 maaie 1874 - dêre, 20 juny 1955) wie in notaris en keunstsamler út Ljouwert.

Hy wie in soan fan Allert Ottema en Maria Franciska Fellinga. Al jong begûn er mei it sammeljen fan eastersk ierdewurk. Oan it Princessehof, dêr't er konservator fan wie, hat Ottema in unike kolleksje neilitten. Ek lânseigen ierdewurk, folkskeunst en klaaiïnge waarden troch him sammele en bestudearre. In soad guod is foar Fryslân bewarre bleaun en wurdt no yn museum It Prinsessehof en it Frysk Museum tentoansteld. Jierrenlang wie Nanne Ottema bestjoerslid fan it Frysk Genoatskip en lid fan Provinsjale Steaten fan 7 july 1931 oant 1935.

Ottema-Kingma Stichting De Ottema-Kingma Stichting fan Nanne Ottema en syn frou Grytsje Kingma dy't yn 1955 harren besittings erfde, hat as doel de keunst en wittenskip, en dan benammen alles wat fan belang is op âldheidkundich, keunst- en kultuerhistoarysk mêd te tsjinjen. Dêrby ek it tsjinjen fan de Hiemskutgedachte yn Ljouwert en yn Fryslân. De stifting beheart de neilittenskip fan de erflitters.

Literatuer Kalma, J.J., Nanne Ottema; Aartsverzamelaar en museumbouwer, Ljouwert 1957 Roding, M., In de voetsporen van Nanne Ottema. Veertig jaar cultuurbehoud door de Ottema-Kingma Stichting, Ljouwert 1995 Veen, H.T., Nanne Ottema : een kleurrijk verzamelaar, Frjentsjer 1999 Halbertsma, H., Herinneringen aan Nanne Ottema, yn De Vrije Fries 80 (Ljouwert, 2000) s.125-141 Hoeve, S. ten, Nanne Ottema’s betekenis voor Friesland, yn: De Vrije Fries 82 (Ljouwert, 2002), s. 204-211 Hoeve, S. ten, Nanne Ottema (1874-1955) en het Fries Scheepvaart Museum, yn: Jaarverslag van het Fries Scheepvaart Museum en Oudheidkamer 2004 (Snits, 2005), s. 69- 85. Wegener Sleeswyk, R.S. e.o., De museumcollecties: een lust en een must!, Ljouwert 2005 Antoon Ott, Verzameldrift. Biografie van Nanne Ottema (1874-1955). Utjouwerij Noordbroek, 2022

Keppeling om utens De OKS-collectie Oer Nanne Ottema

Kategory:Frysk notaris Kategory:Frysk keunstsamler Kategory:Frysk konservator Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Frysk filantroop Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1874 Kategory:Persoan stoarn yn 1955