Foarfallen 4 jannewaris - Kening Ethelred I fan Wesseks en Kent slacht in oanfal fan Deenske Wytsingen ôf. febrewaris - Loadewyk II slagget deryn in ein te meitsjen oan it sultanaat Bari. Hy krijt dêrby steun op lân en op see fan Basilius I fan Byzantsium en Feneetsje. Troch de dea fan syn sweager erft Rodri de Grutte ek it foarstendom Seisyllwg. Dêrmei is hast hiel Wales yn syn hannen. Kening Etelred I fan Wesseks en Kent sneuvelet by in nije ynfal fan Deenske Wytsingen. Hy wurdt opfolge troch syn jongere broer Alfred Dy makket Winchester ta haadstêd fan syn ryk. Neffens de oerlevering wurdt Reykjavik stifte troch Ingólfur Arnarson, de earste kolonist fan Yslân.
Berne
Ferstoarn Om 871 - Edwert de Aldere, kening fan Wesseks († 924)
Kategory:9e iuw