Aggaeus Albada (berne omtrint 1530 - stoarn tusken 1586 en 1588) wie in jurist en politikus.

Nei syn stúdzje waard er fan 1553 - 1559 riedshear yn it Hof fan Fryslân, dêrnei assessor yn it Rykskeamergerjocht yn Spiers fan 1559 oant 1570. Nei bûten ta bleau Albada lang roomsk, mar hy hong oer nei it protestantisme. Sadwaande steunde syn famyljelid Wigle fan Aytta him net. Aggaeus wenne in soad yn Keulen en hold kontakten mei Fryslân. Yn 1579 waard er fredesgesant yn Keulen fan de Steaten-Generaal. De akten fan de fredeshannel binne fan syn hân. Foar in sit yn de Steaten-Generaal betanke hy lykwols.

Hy libbe bot op himsels oan de ein fan syn libben. Mooglik wie hy in oanhinger fan Schwenckfeld.

Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Frysk rjochter Kategory:Frysk politikus Kategory:Frysk diplomaat Kategory:Nederlânsk abbekaat Kategory:Nederlânsk rjochter Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk diplomaat Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend) Kategory:Hof fan Fryslân Kategory:Persoan berne yn 1530 Kategory:Persoan stoarn yn de 16e iuw