thumb|Jacobus van Loon Jacobus van Loon (Sint-Anne, 30 desimber 1821 - Ljouwert, 7 febrewaris 1903) wie in stienfabrikant en Frysk foaroanman.
Hy stipe de Fryske saak moreel en finansjeel. Mei Tiede Roelofs Dykstra en Harmen Sytstra oprjochter fan it Frysk Selskip (1844) foarsitter fan 1862-1896, earefoarsitter (1896). Besoarge mei M. de Boer yn 1876 it Frysk Lieteboek mei ek inkele lietsjes fan syn hân. Hy die war foar in Frysk Wurdboek, foar de Provinsjale Bibleteek en foar de wettersteat. Redakteur foar de Fryske Almenak.
Van Loon wie in liberaal politikus. Steatelid fan 1850-1890, sekretaris fan Baarderadiel (1852-1860), deputearre fan 1860-1901. Syn 'panwurk' stie yn Húns. Op syn grêf is yn 1907 troch it Selskip 1844 in tinkstien oprjochte.
Kategory:Frysk ûndernimmer Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk politikus Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Frysk deputearre Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk lietsjeskriuwer Kategory:Frysk tydskriftredakteur Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Frisiast Kategory:Biltsk persoan Kategory:Persoan berne yn Sint-Anne Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Húns Kategory:Persoan berne yn 1821 Kategory:Persoan stoarn yn 1903