Foarfallen Loadewyk de Fromme furdiget in beslút út wêryn hy alle handelers -ek joaden- dy't hofleveransiers binne, frijwaret fan ynbeslachnimmen of tolheffing yn syn hiele ryk. Allinnich oan de Alpenpassen moatte se de wenstige tol betelje. In Frankysk leger lannet fan Korsika ôf yn Noard-Afrika. It boekt in pear oerwinnings eardat it by Sousse ferslein en nei de skippen weromtwongen wurdt. Loadewyk de Fromme beneamt Bonifatius ta greve fan Korsika. De Feneetsianen stelle de oerbliuwsels fan Sint Markus de Evangelist út syn grêf yn Aleksanderje en bringe se oer nei Feneetsje. Hjirmei wint de stêd is soad oansjen.
Berne
Ferstoarn
Kategory:9e iuw