Jacob Algera (Wurdum, 28 maart 1902 — De Haach, 8 desimber 1966) wie in jurist en politikus.
Libben en wurk Nei in juridyske stúdzje yn Grins waard er amtner by de provinsjale griffy en de Provinsjale Bibleteek oant 1937. Hy wie polityk warber yn de ARP en hearde tsjerklik ta de Grifformearde Tsjerke. Sûnt 1937 waard er lid fan de Twadde Keamer foar de AR. Fan 1935-1945 wie Algera lid fan de gemeenterie fan Ljouwert, yn 1945 en 1946 waarnimmend boargemaster en tusken 1946-1952 lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân.
Sûnt 2 oktober 1952 wie er minister fan Ferkear en Wettersteat yn it Kabinet-Drees II en III. Yn syn amtsperioade wie er belutsen by it reekommen fan 'e Deltawet yn 1958. It earste foltôge deltawurk, de Algearbrêge oer de Hollânske Isel by Krimpen oan de Isel waard nei him neamd. Fanwegen ôfnimmende sûnens stapte er, nei it oannimmen fan de Deltawet, yn 1958 op. Dat jiers waard er beneamd ta lid fan de Ried fan Steat. Fan 1961 oant 1965 wie er bestjoerder fan de Frije Universiteit fan Amsterdam.
Algera boaske yn augustus 1928 yn Stiens met Froukje Wijnia. Hy ferstoar yn desimber 1966 yn 'e âldens fan 64 jier yn De Haach. Algera wie Grutoffisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Njonken de brêge by Krimpen oan de Isel by de stoarmfloedkearing, waard der yn syn bertedoarp Wurdum in strjitte nei him ferneamd.
Sjoch ek List fan boargemasters fan Ljouwert
Kategory:Frysk politikus Kategory:ARP-politikus Kategory:Gemeenteriedslid fan Ljouwert Kategory:Boargemaster fan Ljouwert Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Frysk deputearre Kategory:Frysk konservatyf Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Nederlânsk minister fan Ferkear en Wettersteat Kategory:Lid fan de Ried fan Steat Kategory:Nederlânsk konservatyf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Wurdum Kategory:Persoan berne yn 1902 Kategory:Persoan stoarn yn 1966