thumb|right|262px|plattegrûn fan de bouplannen fan de abdij fan St. Gallen Foarfallen De pago Treanth, dat wol sizze de gou Drinte wurdt foar it earst fermelde. De Historia Brittonum wurdt skreaun om dit jier hinne. Wytsingen út Noarwegen falle mei súkses Ierlân binnen en fêstigje har op het eilân Man. De Wytsingen ferskine ek oan de mûning fan de Seine mar wurde ôfward. It Oseberg-skip wurdt boud. Feidlimid mac Cremthanin wurdt kening fan Munster Nei mislearre oanfallen yn Flaanderen en by de mûning fan de Seine, plonderje Noarmannen it doarp Bouin yn Akwitaanje. Loadewyk de Fromme begeunstiget Bernard fan Septimaanje mei Barselona. Yn de Abdij fan Sankt Gallen wurdt in detaillearre plattegrûn makke fan de abdij, mei krûdetún en al. De plannen wurde lykwols nea hielendal útfierd. Dat is de âldst noch bewarre boutekening. Michael II fan Byzantsium wurdt keizer troch syn foargonger Leo V te fermoardzjen. De Arabyske wiskundige Muḥammad ibn Mūsā al-Ḵwārizmī leit de grûnslach foar de algebra.

Berne Rhodri Mawr ap Merfyn ('de Grutte'), kening fan Gwynedd (Wales) (wierskynlike datum) († 878) Photius I, Patriarch fan Konstantinopel (wierskynlike datum) († 891) Godfried de Wytsing, soan fan Harald Halvdansson (Harald Klak), in Deenske haadling en Sigrid Helgesdotter.

Ferstoarn 24 desimber — Keizer Leo V (* 775) (fermoarde) Shankara (mooglike, mar omstriden datum). Vojen, legendaryske hartoch fan Bohemen

Kategory:9e iuw