SK It Hearrenfean (sc Heerenveen) of Sportklup It Hearrenfean (Sportclub Heerenveen) is in Fryske profesjonele fuotbalklup fêstige op It Hearrenfean, útkommend yn de Earedifyzje. Ek hat de klup in profesjoneel frouljusalvetal dat aktyf is yn de Earedifyzje foar froulju.

De klup is de fêste bespiler fan it Abe Lenstra Stadion. Thúswedstriden fan SK It Hearrenfean begjinne tradisjoneel altyd mei it Frysk folksliet. SK It Hearrenfean hat har ûnder it bewâld fan Riemer van der Velde, dy't yn 1983 foarsitter fan de klup waard, en Foppe de Haan ûntwikkele as in stabile subtopper yn it Nederlânske proffuotbal. Sûnt 1994 hat de klup elts jier yn de Earedifyzje spile.

De fuotbalklup waard stifte yn 1920 en krige yn 1970 in ôfsplitsing tusken de profs en de amateurs. De amateurferiening is fierder gien ûnder de namme FF It Hearrenfean. Inkele hichtepunten yn de skiednis fan de klup binne de njoggen noardlike kampioenskippen tusken 1941 en 1951 yn de tiid fan it alvetal mei Abe Lenstra, it beheljen fan de Champions League yn 2000 en it winnen fan de KNVB Beker yn 2009.

Skiednis Stifting De fuotbalklup SK It Hearrenfean, sa't dy't no bestiet, is ûntstien út de gymnastykferiening Athleta. Dy feriening waard op 22 juny 1919 stifte as protest tsjin de fúzje fan de gymnastykferienings Friso en Tyr nei FTC (Friso en Tyr Combinatie). Inkele leden wienen it net mei de fúzje iens en besletten ta it stiften fan in nije gymnastykferiening. Dy gymnastykferiening feroare al gau yn in fuotbalklup.

De stiftingsdatum fan It Hearrenfean, 20 july 1920, komt fan it stuit dat ek de skoaljonges fan de HBS yn de fuotbalklup opnaam waarden. Yn 1921 waard de namme Athleta feroare ta Spartaan. Ek dizze namme hat de klup net lang hân. Yn 1922 is de namme troch it Nederlânske Fuotbalbûn (NFB) wizige nei v.v. Heerenveen. Sûnt 1977, doe't de klup him opsplitste yn in amateur- en in profôfdieling, is de namme sc Heerenveen.

De begjinjierren (1920 - 1937) De klup spile foar it earst yn kompetysjeferbân yn 1922; dat wie yn de 1e klasse fan it Fryske Fuotbalbûn (FFB). Dat seizoen waard de ploech fuort kampioen en promovearre nei de 3e klasse fan it Nederlânske Fuotbalbûn. Ek in jier letter waard de ploech kampioen en waard der promovearre nei de 2e klasse NFB.

It earste jier yn de twadde klasse wie net bêst. Der waarden mar twa punten helle. Ek yn de degradaasjewedstriden einige SC It Hearrenfean ûnderoan, mar it bestjoer wist it bûn der fan te wjerhâlden de klup tebek te setten nei de tredde klasse troch te stellen dat de prestaasjes fan de twadde en tredde ploech tige goed wienen. It bûn joech ta en liet It Hearrenfean yn de twadde klasse spylje. Twa jier letter, yn it seizoen 1927/1928 helle de klup sels mar ien punt. Mar trochdat it bûn de neikompetysje te grut makke hie en it dizze kompetysje heal juny stilsette moast, degradearre de klup net.

Yn 1931 fûn de klup it paad omheech. Yn it seizoen 1931/1932 waard de ploech twadde, in prestaasje dy't de klup ek de twa jier dêrop behelle. Yn 1934/1935 waard de klup tredde, mar in seizoen letter wie it dan sa fier: it kampioenskip yn de 2e klasse fan de NFB waard helle, wêrtroch't yn de neikompetysje striden wurde mocht om promoasje nei de 1e klasse. De promoasje waard net helle, mar dúdlik wie al wol dat it wolris wat wurde koe fan de ploech fan It Hearrenfean.

In jier letter, yn it seizoen 1936/1937 kaam de klup wol yn de 1e klasse NFB terjochte, dy't op dat stuit it heechste fuotbalnivo yn Nederlân wie. Mei spilers as Abe Lenstra, Jan Lenstra en Henny Jonkman al yn de seleksje, waard de ploech op 'e nij earste yn de 2e klasse. Wer waard fuotballe om promoasje yn de neikompetysje. Dizze kear waard de klup wol earste yn de promoasjekompetysje, troch WVV en Friesland efter harren te hâlden. Foar it earst yn de skiednis mocht de klup op it heechste fuotbalnivo fan Nederlân útkomme; efternei lette de promoasje in gloarjeperioade fan de klup yn.

Gloarjetiid (1938 - 1953) thumb|right|Byld fan Abe Lenstra foar de yngong fan it nei him ferneamde Abe Lenstra Stadion.

It earste jier fan de Feansters op it heechste nivo fan Nederlân wie lestich; It Hearrenfean waard njoggende yn in klasse fan alve klups. Dat wie lykwols al genôch om op it heechste nivo te bliuwen. De klup helle ûnder oare in kreaze oerwinning op de topklup Be Quick, út Grins. It jier derop wie al in stik better: It Fean waard tredde, trije punten efter de kampioen fan dat jier, Achilles.

Yn it nije jier, it seizoen 1939/1940 kaam der in nije trainer foar de ploech te stean, Anton Dalhuysen. Dalhuysen spile in wichtige rol yn de neikommende jierren fan SK It Hearrenfean. Troch it begjin fan de Twadde Wrâldkriich koenen de klups yn de kompetysje net fan de hiele seleksje gebrûk meitsje. It bûn besleat om in needkompetysje te begjinnen, dêr't net by promovearre of degradearre wurde koe. Yn de maitiid fan 1940 waard de kompetysje stillein. Letter waard der wol wer úteinset mei de kompetysje, mar net alle klups hawwe de kompetysje ôfmakke. It seizoen 1940/1941 waard der wol wer in offisjele kompetysje spile; It Fean einige yn de middenmoat, as fiifde.

Yn fuotbaljiergong 1941/1942 kamen de kwaliteiten fan de jonge ploech nei boppen. Al trije wedstriden foar de ein fan de kompetysje wie dúdlik dat it Hearrenfean kampioen wie; yn hiel de kompetysje waard mar ien wedstriid ferlern. Kampioen yn de 1e klasse betsjutte dat der spile wurde mocht om it kampioenskip fan Nederlân. Yn dy kampioenskipskompetysje koe de ploech net dwaan wat yn de kompetysje al woe; It Fean waard lêste yn de pûl fan fiif.

Ek yn de jierren dêrnei waard It Fean kampioen fan de 1e klasse. Doe't yn 1945 Anton Dalhuysen fuortgie, waard hy koart opfolge troch Otto Bonsema, mar dat wie net in sukses. Noch datselde seizoen, 1945/1946 kaam Abe Lenstra foar de groep te stean. Under Lenstra slagge de ploech der dochs wer yn kampioen te wurden. Lenstra waard yn 1947 opfolge troch Piet van der Munnik.

It kampioenskip yn de earste klasse waard yn totaal njoggen kear behelle, allegear efter elkoar, tusken 1941 en 1951 (it seizoen 1944/1945 is om de oarloch nea spile).

Kampioen fan Nederlân is de klup nea wurden. Wol wie de ploech der twa kear tichteby. By it kampioenskip fan 1947 waard It Hearrenfean twadde, trije punten efter kampioen Ajax. In jier letter wie it noch spannender: Mei noch twa wedstriden te gean stie It Fean twa punten foar op BVV, út De Bosk, mei de útwedstriid tsjin BVV noch op it programma. Uteinlik waard dy wedstriid ferlern mei 3-1. Dochs koe de ploech noch kampioen wurde, as de lêste wedstriid út wûn waard fan Go Ahead út Dimter. Safier kaam it lykwols net; Go Ahead wie mei 2-0 te sterk en It Fean waard wer gjin kampioen.

Yn de jierren nei 1947, oant 1951 ta, waard It Fean noch wol sljocht kampioen yn de 1e klasse, mar yn de úteinlike kampioenskipskompetysje kaam de ploech alle kearen wer tekoart om in wichtige tsjinstanner te wêzen.

Yn 1952 wie it dien mei it oerwicht fan de Feansters. Troch in nije yndieling fan de kompetysje waard it allegear swierder. Spilers as Sietse van der Laan en Jan Bosscha holden op en fan oare spilers rûn de fuotbalkarriêre op de ein.

Ferneamde spilers út dizze perioade wienen Abe Lenstra, Jan Lenstra, Wim Molenaar, Henny Jonkman, Jan Bosscha, Sietse Bosscha, Sietze de Jong, Sietze van der Laan, Tieme Veenstra, Jaap (Mollo) de Jong, Gerben Hofma en Marten Brandsma.

Ynfier fan it betelle fuotbal (1954 - 1963) Mei de komst fan it betelle fuotbal begûn in ûnrêstige perioade foar It Hearrenfean. Binnen de klup wienen der grutte ferskillen yn de miening oer betelle fuotbal; benammen it bestjoer wie fûl tsjin op it betelle fuotbal. Op in gearkomste op 25 augustus 1954 waard troch de stimrjochtigen dochs foar it fuotbaljen yn de betelle-fuotbalklasse stimd. Dêrop stapte ûnder oare foarsitter Floor Feléus op as bestjoerder fan de klup.

Dochs bleau de wjerstân bestean yn de klup. It bestjoer wie net tarekkene op de nije foarm fan fuotbal en doarst gjin sinten út te jaan om goeie spilers foar de kompetysje te heljen. Dêrop teach Abe Lenstra nei Sportklub Ynskedee en sakke It Hearrenfean fuort. Yn it earste jier fan it betelle fuotbal waard de Earedifyzje krek net helle en yn it twadde jier, yn 1955 wie de ploech net goed genôch om him te kwalifisearjen foar de Earste Difyzje.

Yn it seizoen 1959/1960 wie der wer ris wat te belibjen foar It Hearrenfean. De klup waard tredde yn de Twadde Difyzje B, wat betsjutte dat It Fean neikompetysje spylje mocht foar promoasje nei de Earste Difyzje. Op 8 maaie waard yn Kerkrade tsjin Roda mei 0-0 lyk spile, wat genôch wie foar promoasje, omdat de klup thús al mei 4-0 wûn hie. Yn de seizoenen 1961/1962 en 1962/1963 spile It Fean yn de Earste Difyzje.

Finansjele problemen (1964 - 1975) Finansjeel waard it yn de jierren 60 hieltyd minder mei de klup. Yn 1967 wie it sels sa min mei de finânsjes dat de gemeente net mear helpe woe. Dêrop sprong de mienskip fan It Hearrenfean by, yn de foarm fan Aktie ’67. Der waard 70.000 gûne (omrekkene: sa'n 32.000 euro) ynsammele en de klup koe der stadichoan wer boppe-op komme. Ek nei 1967 wienen der sa no en dan finansjele problemen. Hjoed-de-dei bestiet Aktie ’67 noch en is it ferantwurdlik foar in wichtich part fan de ynkomsten fan de fuotbalklup.

Yn 1970 waard It Hearrenfean ûnder de nije trainer Bas Paauwe kampioen fan de Twadde Difyzje. Op de lêste spyldei fan it seizoen 1969/1970 spile It Fean lyk, wylst de konkurrinten Velox en FC Wageningen ferlearen. It Hearrenfean promovearre nei de Earste Difyzje, en oant 1990 bleau it dêryn spyljen.

Nettsjinsteande de promoasje nei de Earste Difyzje gie it dochs wer mis mei de finânsjes fan de klup. Yn novimber 1973 waard bekend dat It Hearrenfean oer it seizoen 1972/1973 110.000 gûne, sa'n 50.000 euro, ferlern hie omdat de ynkomsten te min wienen. De klup oerlibbe ek dizze krisis, mar wol liet it barren djippe spoaren nei yn de takomst fan de klup. Jild om spilers te keapjen wie der net, wêrtroch't it lêstich waard om goede spilers op it fjild te krijen. De prestaasjes fan It Hearrenfean yn de Earste difyzje wienen dan ek net bjusterbaarlik; in grize middenmoater wie de ploech yn de kompetysje.

Ofsplitsing (1975 - 1979) Noch hieltiid wienen de minsken fan SK It Hearrenfean der net oer útpraat as it betelle fuotbal no wol of net wat wie foar de fuotbalklup. Yn 1977 kaam it dan ek safier dat de klup opsplitst waard yn in betellefuotbalorginaasje en in amateurfuotbalklup. Offisjeel waard de klup skieden op 1 juny 1977. De betellefuotbalklup waard in stifting en de amateurs makken, ûnder de namme Fuotbalferiening It Hearrenfean, in werstart yn de fjirde klasse fan it KNFB.

De professionalisearring (1980 - 1993) thumb|left|Foppe de Haan wurke tusken 1985 en 2004 foar SK It Hearrenfean.

Yn de jierren 80 barde der in protte by it Hearrenfean. Sa waard yn 1980 Henk van Brussel oansteld as trainer fan de earste seleksje. Mei de komst fan Henk van Brussel helle SK It Hearrenfean in trainer binnen mei in skat oan ûnderfining yn it betelle fuotbal. Under syn lieding waard der goed en oanfallend fuotbal spile; yn 1981 en 1982 waard de neikompetysje sels berikt. Omdat it fuotbal yn 'It Friese Haagje' altyd oanfallend wie mei in protte ynset fan de spilers, waard dizze perioade ferneamd as de Brusselske Kermis.