Leonard Norman Cohen, (ûnder Montreal, 21 septimber 1934 - Los Angeles, 7 novimber 2016) út Quebec, wie in dichter, skriuwer, mar benammen sjonger fan syn eigen lieten. Cohen syn muzyk hat oer it generaal in sterke emosjonele lading en de teksten binne faak kompleks mei in protte metafoaren. Cohen hat in soad ynfloed hân op oare artysten en syn wurk is dan ek hûnderten kearen troch oaren útbrocht.
Libben Cohen is berne yn in Joadske middenstânshûshâlding yn Montreal; syn heit wie kleanmakker. As jonge learde hy gitaar te spyljen en foarme in country/folk-groep mei de namme Buckskin Boys.
Yn 1951 gie Cohen nei de Mc Gill Universiteit om literatuer te studearjen. Hy hie doe al besluten om poëet te wurden. Syn earste bondel ferskynde yn 1965 wylst hy noch net ôfstudearre wie: Let Us Compare Mythologies. Mei syn twadde bondel The Spice Box Earth (1961) makke hy namme as dichter, benammen yn Kanada.
Neidat hy ferhuze wie nei Hydra, in Gryksk eilân, publisearre Cohen de dichtbondel Flowers for Hitler en de romans The Favorite Game (1963) en Beautiful Losers (1966). The Favorite Game is in autobiografyske 'bildungsroman' oer in jonge man dy't syn identiteit as skriuwer besiket te finen, dat yn tsjinstelling ta Beautiful Losers dat beskôge wurdt as in 'anty-bildungsroman'.
Yn 1967 ferhuze Cohen nei Amearika om in karriêre as folksjonger op te setten. Syn earste album Songs of Leonard Cohen klonk te depressyf om in kommersjeel sukses te wurden, mar waard wol omearme troch ferskate folkleafhawwers. Der ferskynden noch trije albums mei in ienfâldige setting: Songs from a Room (1969), Songs of Love and Hate (1971) en New Skin for the Old Ceremony (1974).
Ein 60-er en begjin 70-er jierren spile Cohen in soad yn Amearika, Kanada en Europa. Syn measte sukses hie Cohen dêrby yn Kanada en Europa.
Fan 1986 waard de belangstelling foar Cohen wer grutter, meidat jongere artysten lykas Nick Cave en de The Sisters of Mercy him priizgen en nûmers fan him opnamen. Yn 1988 wie er hielendal werom mei it album I'm your man, it bêstferkochte Cohen-album sûnt jierren. Cohen, dy't altyd in soad mei religy en spirutialiteit dwaande wie, hold út en troch ta yn in boedistysk kleaster, en waard yn 1996 offisjeel wijd as mûnts.
Krekt nei syn 70e jierdei kaam út dat syn eks-freondinne en saakwaarnimster Kelley Lynch al syn pinsjoenjild ferstjustermoane hie. Dat twong Cohen om wer op te treden en fannijs hie er in protte súkses. Op 12 july 2008 joech er foar it earst yn 15 jier in konsert yn Nederlân yn it Amsterdamske Westerpark. Cohen waard yn 2008 opnaam yn de Rock and Roll Hall of Fame. Simmer fan 2012 ûndernaam er syn "Old Ideas Europa Tournee" en wie er ûnder mear te sjen op it Sint-Pitersplein yn Gint en yn it Olympysk Stadion (Amsterdam). Hy stelde syn album Old Ideas foar en spile klassikers fan eardere albums.
Cohen stoar op 7 novimberm 2016 yn de âldens fan 82 yn syn hûs yn Los Angeles. Syn dea waard earst op 10 novimber buorkundich makke.
Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label SinglesSongs of Leonard Cohen27 desimber 1967ColumbiaSuzanne,So Long, Marianne,The Stranger Song,Winter LadySongs from a Room24 maart 1969Bird on the Wire,The Partisan,Tonight Will Be FineSongs of Love and Hate19 maart 1971Joan of Arc,Diamonds in the Mine,Dress Rehearsal RagNew Skin for the Old Ceremony11 augustus 1974Lover Lover LoverDeath of a Ladies' Man13 novimber 1977Warner Bros.Memories,True Love Leaves No TracesRecent Songs27 septimber 1979ColumbiaThe GuestsVarious Positions11 desimber 1984Dance Me to the End of Love,HallelujahI'm Your Man2 febrewaris 1988Take This Waltz,First We Take Manhattan,I'm Your Man,Ain't No Cure for Love,Everybody Knows,I Can't ForgetThe Future24 novimber 1992Closing Time,Democracy,The Future,Be for RealTen New Songs9 oktober 2001In My Secret Life,Boogie StreetDear Heather26 oktober 2004The LettersOld Ideas31 jannewaris 2012Show Me the Place,DarknessPopular Problems22 septimber 2014You Want It Darker21 oktober 2016You Want It Darker,Traveling LightThanks for the Dance22 novimber 2019The Goal,Happens to the Heart,Moving On
Live-albums Album Utbrocht op Label Live Songsapril 1973ColumbiaCohen Live:Leonard Cohen in Concert28 juny 1994Field Commander Cohen:Tour of 197920 febrewaris 2001Live in London31 maart 2009Live at the Isle of Wight 197019 oktober 2009Songs from the Road14 septimber 2010Live in Dublin2 desimber 2014Can't Forget:A Souvenir of the Grand Tour12 maaie 2015Sony LegacyAngels at My Shoulder (Live 1993)30 juny 2017Leftfield MediaFrom The Silence (Live 1993)novimber 2021Night Parade
Kompilaasje-albums Album Utbrocht op The Best of Leonard Cohen/Greatest Hits 1975Liebesträume –Leonard Cohen singt seine schönsten Lieder1980So Long, Marianne1989More Best of Leonard Cohen7 oktober 1997The Essential Leonard Cohen22 oktober 2002The Collection27 juny 2008Greatest Hits13 july 2009The Complete Studio Albums Collection10 oktober 2011Hallelujah & Songs From His Album14 oktober 2022
Bibliografy Let Us Compare Mythologies (poëzij, 1956) The Spice-Box of Earth (poëzij, 1961) The Favourite Game (roman, 1963) Flowers for Hitler (poëzij, 1964) Beautiful Losers (roman, 1966) Parasites of Heaven (poëzij, 1966) Selected Poems 1956-1968 (poëzij, 1968) The Energy of Slaves (poëzij, 1972) Death of a Lady's Man (poëzij, 1978) Book of Mercy (poëzij, 1984) Stranger Music (poëzij en songteksten, 1993)
Keppeling om utens Lietteksten http://www.leonardcohen.com http://www.leonardcohenfiles.com http://www.leonardcohennights.org http://leonardcohen.meetup.com
Kategory:Kanadeesk sjonger Kategory:Kanadeesk lietsjeskriuwer Kategory:Kanadeesk folksmuzykartyst Kategory:Kanadeesk dichter Kategory:Kanadeesk romanskriuwer Kategory:Grammy-winner Kategory:Kanadeesk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Kanadeesk persoan fan Litousk-Joadsk komôf Kategory:Kanadeesk persoan fan Poalsk-Joadsk komôf Kategory:Ingelsktalich Kebekaansk persoan Kategory:Persoan berne yn 1934 Kategory:Persoan stoarn yn 2016