thumb|left|175px|Wapenskyld fan Von Sternsee Kristoffel fan Sternsee (Christoph von Sternsee, om 1500 hinne - Harns, 1 febrewaris 1560) wie kolonel yn it Spaanske leger, drost en âlderman fan Harns, sûnt 1553 grytman fan Barradiel. Hy kaam út in Súddutsk laach en wie in man fan oansjen oan it hof fan keizer Karel V.
Hy boaske yn 1549 oan Kunera fan Ropta. Se krigen in soan en in dochter: Carel en Maria. Carel wie neamd nei de keizer, dy't ek syn peetheit wie. Maria wie neamd nei de suster fan de keizer, Maria fan Eastenryk, de lânfâdes fan de Nederlânnen, dy't ek har peetmuoike wie. Wigle fan Aytta droech 'Maaycke fan Sternsee' de tsjerke yn by har doop.
Fan Sternsee en de frou waarden beïerdige yn de tsjerke fan Mitselwier.
Kategory:Dútsk kolonel Kategory:Dútsk amtner Kategory:Dútsk politikus Kategory:Dútske adel Kategory:Frysk kolonel Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk politikus Kategory:Frysk wethâlder Kategory:Grytman fan Barradiel Kategory:Frysk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Skiednis fan Harns Kategory:Persoan stoarn yn Harns Kategory:Persoan berne yn de 16e iuw Kategory:Persoan stoarn yn 1560