Foarfallen De stêd Antiochje wurdt belegere en falt yn hannen fan de Perzen. De folsleine befolking wurdt deportearre. De Byzantynske generaal Belisarius ferovert Milaan en Ravenna, de haadstêd fan de Ostrogoaten. De Byzantynske keizer Justinianus docht de Ostrogoaten in fredesfoarstel wêrby't de Po ta grinsrivier wurdt, mar syn generaal Belisarius wegert dit te ûndertekenjen. Belisarius wurdt it keningskip fan de Ostrogoaten oanbean. Hy docht earst oft er ynteressearre is, mar wegert dan rislút. De Ostrogoatyske kening Witiges wurdt troch Ildibad opfolge. Berne
Ferstoarn 6 febrewaris - Fedastus/Faast (fan Atert/Arras), biskop fan Atert
Kategory:6e iuw