Maria Johanna van Everdingen (De Bilt, 22 desimber 1913 - Skearnegoutum, 30 juny 1985) wie in Nederlânsk byldhouwer.Ryksburo foar Keunsthistoaryske Dokumintaasje
Van Everdingen krige har oplieding oan de Ryksakademy foar Byldzjende keunsten yn Amsterdam. Se hat tenearsten keazen foar de grafyske rjochting, pas letter begûn se mei byldhouwen. Se gie nei Wenen om fierder te learen oan de Akademie Bildende Künste, mar stoppe doe't Adolf Hitler yn 1938 Eastenryk yn foel. Teffens studearre se oan de Konstfackskolan yn Stockholm en makke stúdzjereizen nei Italië, Hongarije en Roemenië. Sy eksposearre en krige opdrachten yn binnen- en bûtenlân.
Yn 1958 gie Van Everdingen werom nei Nederlân, dêr't se sûnt 1965 yn Fryslân wenne hat. Har figurative skulptueren hat se makke yn brûns en stien. Sy wie lid fan it Boun fan Fryske Keunstners en de Nederlânske Beropsferiening fan Byldzjende Keunstners.
Wurk Blauhûs Fôle fan Frysk Hynder (1970)
Haulerwyk Feanarbeidershúshâlding (1978)
De Jouwer Fôle fan Frysk Hynder (1970)
Ljouwert Jonge mei fûgeltsje (1965) Bern bouwe troch (1971)
Noardwâlde De Fluitsjende Reidflechter (1973)
Nijewier Anders Minnes Wijbenga (1970)
Snits Piter Sjoerds Gerbrandy (1976) Bern mei laam (1981)
Galery
Kategory:Nederlânsk byldhouwer Kategory:Nederlânsk byldzjend keunstner Kategory:Frysk byldhouwer Kategory:Frysk byldzjend keunstner Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Persoan stoarn yn Skearnegoutum Kategory:Persoan berne yn 1913 Kategory:Persoan stoarn yn 1985