Oost-Souburg is in doarp yn 'e Siuwske gemeente Flissingen, dat fan West-Souburg skieden wurdt troch it Kanaal troch Walcheren. Noardlik fan 'e beboude kom leit op it doarpsgebiet fan Oost-Souburg de buorskip Groot-Abeele.

Skiednis thumb|left|Loftfoto fan 'e eartiidske ringwâlboarch. Souburg ûntstie om in karolingyske fersterking hinne, de Sudburgh of 'Súdboarch'. Dy ringwâlboarch waard yn 'e lette njoggende ieu oanlein as flechtplak foar bewenners út de omjouwing tsjin ynfallen fan 'e Wytsingen. Letter, yn 'e tsiende ieu, rekke de Sudburgh yn ûnbrûk en ferlieten de bewenners de delsetting. Yn de 20e iuw is de eardere Sudburgh by opgravings yn kaart brocht en ûndersocht. De boarch is foar in part rekonstruearre en wurdt as ryksmonumint klassifisearre.

Yn 'e iere alfte iuw waard yn it lettere West-Souburg in parochytsjerke oprjochte. Earst yn 'e trettjinde ieu waard Oost-Souburg op 'e nij bewenne en yn 1250 krige it plak ek in eigen parochytsjerke.

Fan 1814 oant 1835 wie it in selsstannige gemeente, mar yn 1835 waarden Oost-Souburg en West-Souburg gearfoege ta de gemeente Oost- en West-Souburg.

Yn 1966 waard it grutste part fan 'e gemeente by Flissingen weryndield. Noardlike dielen gyngen nei Middelburch en Valkenisse. Yn dy tiid binne der nije wiken boud om oan it groeiend ferlet oan wenten yn Flissingen te foldwaan. Yn 'e jierren 1980 krige it doarp hast hielendal syn hjoeddeike omfang (2026). Sûnt binne de útwreidings folle lytsskaliger. In beheining foar de útwreiding fan it doarp foarmet de gemeentegrins mei de gemeente Middelburch oan 'e noardkant.

De oarspronklik West-Souburgske mûne De Pere (út 1725) kaam troch it graven fan it kanaal op Oost-Souburgsk doarpsgebiet te lizzen. It doarpske karakter fan Oost-Souburg is bewarre bleaun, al is it plak mei mear as 10.000 ynwenners ien fan 'e gruttere Siuwske plakken.

Ofbylden

Kategory:Plak yn Flissingen Kategory:Eardere gemeente yn Seelân