Gerhardus Jan Adema (Frjentsjer, 26 desimber 1898 - Ljouwert, 15 desimber 1981) wie in Fryske keunstner.Ryksburo foar Keunsthistoaryske Dokumintaasje

Adema wie hússkilder yn Huzum, as keunstner wie er autodidakt. Yn de Ljouwerter Krante advertearre hy yn 1938 as "Schildersbedrijf G.J. Adema annex beeldhouwer, portret- en reclameschilder".Ljouwerter Krante, 21 maart 1938 Hy wie lid fan it Boun fan Fryske Keunstners.

De skilder Adema hie fral it hynder as ûnderwerp; hy eksposeare jierliks by it concours hippique in Ljouwert. As byldhouwer makke er meardere brûnzen portretten. Hy wie teffens medaljeur en restaurateur fan skilderijen. Syn bekendste wurk is sûnder mis syn byld fan de Fryske stamboekko (1954), dat al fluch de bynamme Us Mem krigen hat.

Adema is ferstoarn yn it Ljouwerter Sint Bonifatius Hospitaal, twa wiken foar syn 83e jierdei.

Byldhouwurk thumb|right|220px|Us Mem yn Ljouwert Damwâld doopfont (1956)

Boalsert gevelbyld Fransiskus fan Assisy (1949) gevelstien Gysbert Japiks (1960) boarstbyld Titus Brandsma (1966) plakette yn granyt oan Gysbert Japicksbrêge. boarstbyld J. Heeres, grûnlizzer Van der Plaats NV Dronryp boarstbyld Eise Eisinga (1982)

Frjentsjer plakette Eise Eisinga (1928)

Ljouwert Us Mem (1954) jongeling ambachtsskoalle.

Oentsjerk ploechgong Stania State.

Penjum Monumint Lammert Scheltes Hilarides (1937)

Fotogalery

Boarnen

Kategory:Frysk byldhouwer Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Frysk ferver Kategory:Persoan berne yn Frjentsjer Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1898 Kategory:Persoan stoarn yn 1981