Der Untergang is in Dútske histoaryske film út 2004 ûnder rezjy fan Oliver Hirschbiegel. De film giet oer de lêste tsien dagen fan Adolf Hitler yn de Slach om Berlyn, sjoen troch de eagen fan Traudl Junge, syn persoanlike siktaresse. Likernôch 4,5 miljoen Dútsers hawwe Der Untergang sjoen. Untergang, Der (2004), in: IMDb – Earth’s Biggest Movie Database, imdb.com
Ferhaal Yn novimber 1942 begjint de 22 jierige Münchenerin Traudl Humps (nei har houlik yn 1943 Traudl Junge) yn it haadkertier „Wolfsschanze“ as siktaresse fan Adolf Hitler.
De Russen teagje yn april 1940 op de stêd Berlyn oan. Adolf Hitler is net fan doel om de stêd Berlyn te ferlitten en besiket fergees it Tredde Ryk te ferdigenjen tsjin de Russen, wylst it Reade Leger de stêd al omsingele hat. Nettsjinsteande de oermacht fan de Russen fjochtsje de Dútske soldaten en generaals troch en de measten fan har leauwe oan de Endsieg. Op 30 april 1945 dogge Hitler en Eva Braun harsels tekoart yn de bunker. Op 2 maaie 1945 jout generaal Helmuth Weidling de Dútske soldaten it befel om belies te jaan.
Akteurs Bruno Ganz - Adolf Hitler Alexandra Maria Lara - Traudl Junge Corinna Harfouch - Magda Goebbels Ulrich Matthes - Joseph Goebbels Juliane Köhler - Eva Braun Heino Ferch - Albert Speer Thomas Kretschmann - Hermann Fegelein
Referinsjes
Keppeling om utens Offisjele hiemside fan de film Dútsk
Kategory:Dútske oarlochsfilm Kategory:Dútske histoaryske film Kategory:Histoaryske oarlochsfilm Kategory:Dútsktalige film Kategory:Film fan Oliver Hirschbiegel Kategory:Film fan Constantin Film Kategory:Film út 2004 Kategory:Film oer de Twadde Wrâldkriich yn Jeropa en Afrika Kategory:Film oer nazy-Dútslân Kategory:Film oer de Wehrmacht Kategory:Film oer de SS Kategory:Film basearre op wiere foarfallen Kategory:Film oer in bekend persoan Kategory:Werjefte fan Adolf Hitler yn keunst en kultuer Kategory:Film oer in diktator