GrypskerkKaart van Friesland / Kaart fan Fryslân, 1986, in útjefte fan it Provinsjaal Bestjoer fan Fryslân, de Fryske Akademy, de Ljouwerter Krante, VVV Fryslân-Ljouwert, Falkplan-Suurland B.V. Eindhoven. of Gryptsjerkhttps://www.delpher.nl/ (Nederlânsk en offisjeel: Grijpskerk; Grinslânsk: Gruupskerk) is in doarp yn de gemeente Westerkertier yn Grinslân. De ynwenners hiene eartiids de bynamme Smaalruggen. It doarp hat 2.905 ynwenners (1 jannewaris 2023).

Namme Yn 1507 wurdt it plak foar it earst neamd as Grijpskercke. It doarp is ferneamd nei de doarphear Nicolaas Grijp. Op guon âlde kaarten en yn de pauslike bul fan 1561 komt de namme 'Engewerd' foar. Neffens Formsma (1986), s. 14-15 is dat lykwols in ferkearde stavering fan Rugewerd (Rûgewaard) omdat dy namme foar it earst op in kaart fan Jakob fan Dimter ferskynt, wylst 'Ruegewerdt alias Grijpskercke' (op in oar ôfskrift Grijpscapelle) al fan 1507 ôf foarkomt. Yn de 16e iuw wurdt it plak ôfwikseljend mei Grijpskerk en 'Westerdijken' oantsjut, mar nei ferrin fan tiid komt de namme Grijpskerk allinne noch foar. Yn de 17e iuw wurdt de namme 'Westerdijken' brûkt foar de kontrei Westerhorn ûnder Grypskerk. Westerdiken komt it earst foar yn in dokumint út 1426 en ferwiisde doe nei Sebaldebuorren-ûnder; it noardlike nij bepoldere part fan dat karspel, dat leger lei as it âlde gebiet.

Doarpswapen thumb|100px|left|It wapen fan Grypskerk It wapen fan Grypskerk waard yn 1903 takend en bestiet út 2 dielen: it boppeste part hat in griffioen, it wapen fan de famylje Grijp (grijp=griffioen). It ûnderste part fan it wapen lit de tsjerke fan Nicolaas Grijp sjen.

Fasiliteiten + Befolkingsûntjouwing fan Grypskerk jier doarp gem. 1795 372 n.v.t. 1830 2388 1840 2611 1849 849 2772 1859 623 3045 1869 719 3233 1879 911 3454 1889 851 3200 1899 822 3214 jier doarp gem. 1909 883 3300 1919 3268 1920 953 3378 1930 1130 3442 1947 1349 3886 1956 3725 1960 3894 1971 3806 2006 2798 n.v.t. Opm.1 Fan 1811 oant 1990 wie Grypskerk in gemeenteOpm.2 Feiten oer it doarp binne net folslein te fergelykjen troch ferskate mjitienheden Bron: www.volkstellingen.nl It doarp hat ûnder oare in bedriuweterrein, in winkelstrjitte, in grutte supermerk, in ferwaarme swimbad, in sporthal (De Enk) en sportpark en in wensoarchsintrum (De Wierde). Op it bedriuweterrein stiet de âlde suvelfabryk 'de Kievit' (1889-1969), dat no tsjinnet as bedriuwesammelplak.

Ferkear en ferfier Grypskerk leit oan de N355 en it spoar Grins-Ljouwert (stasjon Grypskerk). Sa'n 1½ km besuden it doarp rint it Van Starkenborghkanaal. It Poeldjip (it ferlingde fan it Wolddjip nei it noarden) ferbynt it doarp mei it kanaal. It lêste stik is tichtsmiten, dat skippen moatte no fia it Hoeredjip (hoere = hore = slyk) farre.

Sport It doarp hat in sportkompleks mei de namme 'De Enk', dêr't in ferskaat oan sporten beoefene wurde. Yn it park derefter lizze de fjilden fan fuotbalferiening VV Grijpskerk en in tennisbaan. Teffens leit dêr de iennichste fierljepbaan fan Grinslân.

It besjen wurdich

NAM-park Yn 1990 waard troch de NAM in protte ierdgas fûn tusken Grypskerk, Nijesyl en Kommersyl. Boppedat waard ek in boaimlaach fûn dy't gaadlik is foar de opslach fan gas. Der is 1 miljard gûne ynvestearre yn in kompleks fan 50 hektare foar ûndergrûnske gasopslach dat op 1 jannewaris 1997 iepene waard en dat tsjinnet as lanlik opslachplak foar ierdgas, sadat foar it lanlike pykferlet ynstean wurde kin. Yn 2007 kaam in piiplieding nei Noard-Hollân klear, dêr't it gas ek troch nei it Feriene Keninkryk brocht wurde kin. Om de NAM-lokaaske hinne is in natoerpark, it NAM-park, oanlein, om de gebouwen en ynstallaasjes foar it grutste part oan it each te ûntlûken, om sa tsjinstanners en bewenners yn it gebiet yn de mjitte te kommen en tefreden te hâlden. It natoerpark wurdt ekologyske beheard.

Berne yn Grypskerk Wiebe Jannes Formsma (1903-1999), histoarikus en publisist Roelof Kruisinga (1922-2012), arts, amtner en politikus (CHU en CDA) Pieter van der Zaag (1940), politikus (CDA) Gosse Noordewier (1947), politikus (PvdA) Gert Sennema (1962), byldhouwer Dirk Scheringa (1950), oprjochter DSB Groep, sportbestjoerder (fuotbalklup AZ) en politikus (CDA)

Literatuer (1986), Grijpskerk: De geschiedenis van een Groninger gemeente. Grins: Wolters-Noordhoff/Forsten. 283 s.

Keppeling om utens Webside oer it 500-jierrich bestean fan Grypskerk yn 2003 Skiednis fan Grypskerk oant 1600 Gemeentlike side oer de skiednis fan it doarp

Kategory:Eardere gemeente yn Grinslân