Floyd Landis (Farmersville, 14 oktober 1975) is in Amerikaanske hurdfytser. Hy wûn yn 2006 yn it earstoan de Omgong fan Frankryk. Yn de wike nei dizze oerwinning waard lykwols bekend dat Landis posityf testen wie op it brûken fan doping yn de Omgong. Ek de kontra-ekspertize wie posityf, wêrtroch't hy foar twa jier skorst waard. Yn maaie 2007 waard Landis offisjeel skrast as Tourwinner.

Kategory:Amerikaansk hurdfytser Kategory:Persoan fan Pennsylvaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1975