thumb|Sjouke de Zee thumb|Sjouke de Zee yn Amearika. Dizze foto waard yn de pleatslike krante fan Rochestser, "The Grand Presse and Chronickle", set by in artikel oer Fryslân yn in oplage fan 90.000 stiksFrysk Fotoargyf/Tresoar

Sjouke de Zee (Nij Beets, 20 maart 1867 - Hilfertsom, 19 juny 1954) wie in skriuwer en propagandist fan it Frysk en lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân. Yn dy funksje besocht hy yn 1914 as earste Frysk te praten yn in steatesitting, mar dat waard him ferbean.

Libbensrin Sjouke wie in meniste boeresoan dy't him as skriuwer dwaande hâlde mei toanielstikken, revu's en gedichten. Hy trede ek wol op as lekepreker en foardrager. Hy waard dan ek frege op gearkomsten fan menisten oant sosjalisten en drankbestriders. In skoftlang hat er yn Deinum wenne as tsiismakker en wie er lid fan pleatslik belang. Hy bewearde dat er ek de pompeblêden fan de Fryske flagge yntrodusseare hie.

Yn 1921 makke Sjouke de Zee in stúdzjereis troch Amearika, "it lân fan dream en winsken", dêr't yn kranten en tydskriften oer publisearre. Syn twadde reis nei Amearika yn (1928) duorre fjouwer moannen. Hy socht in soad Fryske emigranten op en makke der in boek oer, mei dêryn in protte foto's dy't op it westee fan Tresoar te besjen binne.

Yn 1931 ferfear er fan Jirnsum nei Hilfertsom.

Publikaasjes 1909 - Op 'e Djipswal (publisearre yn "Swanneblommen") 1911 - Haet en Ljeafde (publisearre yn "Swanneblommen") 1916 - De Smidssoan" (publisearre yn "Swanneblommen") 1917 - Stimpers (novelle fan 64 siden) 1927 - Fen lang forlyn (gedichten út syn jonkheid, 189 siden) 1929 - Myn twadde Amerikareis (reisferslach) 1930 - Kleaster Ealsum'' (skiedkundich ferslach)

Kategory:Frysk tsiismakker Kategory:Frysk politikus Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Frysk toanielskriuwer Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Frysk romanskriuwer Kategory:Frysk reisferhaleskriuwer Kategory:Frysk publisist Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Frysk taalaktivist Kategory:Frysk polityk aktivist Kategory:Frysk sosjaal aktivist Kategory:Frysk predikant Kategory:Frysk foardrachtskeunstner Kategory:Frysk sosjalist Kategory:Nederlânsk tsiismakker Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk toanielskriuwer Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk reisferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk polityk aktivist Kategory:Nederlânsk sosjaal aktivist Kategory:Nederlânsk predikant Kategory:Nederlânsk foardrachtskeunstner Kategory:Nederlânsk sosjalist Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Nij Beets Kategory:Deinum Kategory:Jirnsum Kategory:Persoan berne yn 1867 Kategory:Persoan stoarn yn 1954