thumb|right|240px|Minsk en dier Marty Poorter (Delft, 1954) is in byldzjend keunstner mei in atelier (Dunamis) oan de Bokkekampswei yn Donkerbroek. Nei de Frije Akademy yn De Haach (1975-1976) gie se nei de Akademy foar byldzjende keunsten yn De Haach (1976-1978) en Akademy Minerva yn Grins (1987-1990).
Ynspiraasje by al har wurken is Langstme. In langstme om linen en gebearten op gefoel fêst te lizzen sadat it de taskôger boeit. De skientme fan de natoer en de relaasje minsk en bist besiket se mei emoasje te registrearjen. Har wurk bestiet út tekeningen, skilderijen, monotypes, mingde techniken en drûge nuddeletsen.
Har wurk wie op in soad eksposysjes te sjen lykas yn galery's op De Gordyk, Amsterdam, Elslo en Warkum, mar ek yn Museum De Jouwer en it Natoermuseum Fryslân yn Ljouwert.
Publikaasjes
1991 GKK-Aa Kunst ’91, Grins, katalogus 1991 OOG-TV, telefyzjeopname, Grins 1992 Byldzjende Keunstners yn Fryslân, publikaasje FryskKeunstynstitút, Ljouwert 1992 iP2r90, Liter.fr.polemysk tydskrift Josse de Haan 1992 Kikkertobsesje koart ferhaal yn "Pompeblêd" en Hjir (nr 4) 1994 OSKAR-TV, telefyzjeopname De Jouwer
Kategory:Nederlânsk byldzjend keunstner Kategory:Frysk byldzjend keunstner Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Donkerbroek Kategory:Persoan berne yn 1954 Kategory:Akademy Minerva