Foarfallen thumb|right|De Atlanten fan Tollan It Goai wurdt oerdroegen oan de Abdij yn Elten Yn de slach by Sucoit ferslaan de Dal-Cais de Denen fan Limerick en plonderje de stêd. Matgamain ferheft himsels ta kening fan Munster no't de macht fan de Denen brutsen is. De Byzantynsk skiedskriuwer Leo Diaconus jout de earste beskriuwing fan de korona fan de sinne dy't hy sjoen hat by de sinnefertsjustering fan 22 desimber. De Fesuvius komt ta útbarsting. De Wytsingen plonderje it noarden fan Spanje. Neffens sizzen wurdt ek Santiago de Compostella oanfallen. Otto I fan it Hillige Roomske ryk wurdt by Bari ferslein troch de Byzantinen. juny - It gesantskip fan Liutprand fan Cremona oan it Byzantynske hof wurdt in mislearring. Nisefoarus II Pokas wegert de soan fan Otto mei in Byzantynske prinses trouwe te litten. Liutprand moetet Russen yn Konstantinopel. Hy fergeliket se mei Noarmannen. Otto I organisearret in evangelisaasje ûnder de Saksen en stiftet it aartsbisdom fan Maagdenburch en de byhearrende bisdommen Meissen, Merseburg en Zeitz mei it eachmerk de Slaven fan it Elbe-gebiet te bekearen. Foarst Mieszko I stiftet it earste Poalske bisdom yn Poznań (Posen). Neffens de leginde stiftet Topiltzin Ce Acatl Kwuetzalcoatl de stêd Tollan.
Berne Keizer Kazan fan Japan Ethelred II fan Ingelân Romanus Argyrus, letter Romanus III, keizer fan Byzantsium.
Ferstoarn 14 maart - Matildis fan Ringelheim, twadde frou fan de Dútske kening Hindrik I de Fûgelder
Kategory:10e iuw