thumb|right|Katharine Hepburn (1940) left|thumb|Stage Door trailer (1937)

Katharine Hepburn (Hartford (Konettikut), 12 maaie 1907 - Old Saybrook, 29 juny 2003), folút Katharine Houghton Hepburn, wie yn Amearikaansk aktrise. Har bynamme wie First Lady of American Cinema fanwege har grutte talint en har rekordoantal Academy Awards.

Libben en wurk Katharine Hepburn wie it twadde bern fan seis fan dokter Thomas Norval Hepburn en suffrazjette Katharine Martha Houghton. Doe't se acht jier âld wie die se al oan toanielspyljen. Yn 1921 fûn Katharine har âldere broer Tom ferhongen, wat har jierren efterfolgje soe.

Wylst se studearre oan it Bryn Mawr College begûn se oan teater te dwaan. Yn dy tiid kaam Hepburn ek yn 'e kunde mei Ludlow Ogden Smith. Yn 1928 studearre se ôf, troude se mei Ludlow Ogden Smith en spile yn Baltimore yn twa stikken. Ek yn dat jier gong se nei New York dêr't se ien dei meispile yn The Big Pond en doe dien krige. Dochs krige se al gau fêst aktearwurk.

Nei oanlieding fan har rol yn The Warrior's Husband yn 1932 krige Hepburn dat jier in rol yn de film A Bill of Divorcement. Dit wie in súkses, en se krige mear filmrollen. Foar har tredde filmrol, Morning Glory, krige Hepburn in Academy Award as bêste aktrise.

Fan 1933 oant 1938 spile se yn minder súksesfolle stikken en films, en yn 1934 gong se by Smith wei. Mar yn 1939 spile se yn The Philadelphia Story wat in grut sukses wie, en se spile har rol ek yn de filmferzje, dy't ek in sukses waard. Yn har folgjende film Woman of the year, stie Hepburn tsjinoer Spencer Tracy, dêr't se dêrnei noch acht kear mei spile, en dêr't se sânentweintich jier tegearre mei wie.

Hepburn bleau spyljen by sawol it toaniel as de film. By de film krige se noch twa Academy Awards, foar Guess who's coming to dinner yn 1967 en foar The lion in winter yn 1968. Op it toaniel spile Hepburn ûnder oaren yn sân stikken fan William Shakespeare, yn Londen, Austraalje en yn Stratfort (Konettikut), en yn 1969 spile se mei grut súkses yn de musikal Coco.

Yn de sântiger jierren spile Hepburn fral yn telefyzje-films. Yn 1975 krige se dêrby foar har rol yn Love Among the Ruins in Emmy Award. Yn 1981 krige se in fjirde Academy Award, foar har rol yn On golden pond.

Ek yn de jierren tachtich en letter bleau Hepburn rollen foar telefyzje spyljen. Yn 1991 kaam har autobiografy Me: Stories of My Life út. Yn 1994 wie har lêste filmrol, in lytse rol yn Love Affair. De lêste jierren waard har sûnens minder en op 29 juny 2003 is se thús yn Old Saybrook ferstoarn.

Hepburn spile mei yn mear as fjirtich films, en spile yn mear as tritich toanielstikken. Yn 1995 waard se útroppen ta de bêste aktrise út de skiednis fan de film.

Filmografy right|thumb|250px|Katharine Hepburn en James Stewart yn Philadelphia Story (1940) right|thumb|250px|Spencer Tracy en Katharine Hepburn yn Adams Rib (1949) thumb|right|250px|Katharine Hepburn yn The African Queen (1951) 1994:One Christmas (TV) 1994:Love Affair 1994:This Can't Be Love (TV) 1992:The Man Upstairs (TV) 1988:Laura Lansing Slept Here (TV) 1986:Mrs. Delafield Wants to Marry (TV) 1984:Grace Quigley 1981:On Golden Pond 1979:The Corn Is Green (TV) 1978:Olly, Olly, Oxen Free 1975:Rooster Cogburn 1975:Love Among the Ruins (TV) 1973:The Glass Menagerie (TV) 1973:A Delicate Balance 1971:The Trojan Women 1969:The Madwoman of Chaillot 1968:The Lion in Winter 1967:Guess Who's Coming to Dinner 1962:Long Day's Journey Into Night 1959:Suddenly, Last Summer 1957:Desk Set 1956:The Rainmaker 1956:The Iron Petticoat 1955:Summertime 1952:Pat and Mike 1951:The African Queen 1950:The Schumann Story 1949:Adam's Rib 1948:State of the Union 1947:Song of Love 1947:The Sea of Grass 1946:American Creed 1946:Undercurrent 1945:Without Love 1944:Dragon Seed 1942:Keeper of the Flame 1942:Woman of the Year 1940:The Philadelphia Story 1938:Holiday 1938:Bringing Up Baby 1937:Stage Door 1937:Quality Street 1936:A Woman Rebels 1936:Mary of Scotland 1935:Sylvia Scarlett 1935:Alice Adams 1935:Break of Hearts 1934:Spitfire 1934:The Little Minister 1933:Little Women 1933:Morning Glory 1933:Christopher Strong 1932:A Bill of Divorcement

Biografyen Biografy fan Dirk Jasper Filmlexikon Biografie bei der Besserwisserseite/W-Akten Biografy by film-zeit.de FemBiografie mei sitaten, keppelings en literatuer.

Keppelings om utens Katharine Hepburn yn de Ynternet Broadway Databank

Kategory:Amerikaansk toanielakteur Kategory:Amerikaansk harkspulakteur Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Oscar-winner Kategory:Emmy-winner Kategory:Amerikaansk autobiograaf Kategory:Amerikaansk ateïst Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Skotsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1907 Kategory:Persoan stoarn yn 2003