thumb|right|300px|Herman Gorter Herman Gorter (Wormerveer, 26 novimber 1864 - Brussel, 15 septimber 1927) wie in Nederlânsk dichter en meioprjochter fan de Sosjaal-Demokratyske Partij. Gorter hearde ta de Tachtigers.

De pake fan Herman, Douwe Simons Gorter, wie yn de 19e iuw dopersk predikant yn Balk. Gorter studearre klassike talen. Under ynfloed fan Willem Kloos skreau hy "Maaie" (1889). De earste sang fan Mei ferskynde yn 1889 yn in nûmer fan De Nieuwe Gids. Yn it gedicht besjongt Gorter de leafde foar Wies Koopmans op wa't hy yn 1886 fereale waard. Gorter liet him dúdlik ynspirearje troch de Ingelske romantyske dichters John Keats en Percy Bysshe Shelley. Oan de lêste wijde hy in haadstik yn De groote dichters, in literêre stúdzje basearre op histoarysk-materialistyske begjinsels.

Yn 1890 ferskynde Fersen, in bondel mei sensitivistyske poëzij. Dizze gedichten ûntlokken Kloos de bekende útspraak: "Keunst moat wêze de alder-yndividueelste ekspresje fan de alder-yndividueelste emoasje". Yn dizze gedichten lit Gorter de normale syntaksis fan it Nederlânsk los en besiket hy mei radikale neologismen en ûntwrichte sinsstruktueren de sintúchlike waarnimming fan it oanskôge sa krekt mooglik wer te jaan.

Al gau fersmiet Gorter de poëtyske prinsipes fan de Beweging fan Tachtich (of Tachtigers) en gie hy mear engazjearre gedichten skriuwen mei in sterke sosjalistyske ynslach.

Doe't Gorter op in stuit ynseach dat syn eksperiminten útrûnen op taalferbrokkeling en ûnfersteanberheid kaam de grutte omkear yn syn libben: hy gie wurken fan Karl Marx bestudearjen en waard in oertsjûge oanhinger fan it kommunisme. Dizze nije libbenshâlding klonk ek troch yn syn wurk. Sa kaam hy hielltiten fierder ôf te stean fan de oarspronklike idealen fan de Tachtigers, dêr't hy in skoalfoarbyld fan wie.

Yn 1982 waard yn Balk in byldsje fan Gorter pleatst, makke troch Suze Boschma-Berkhout, en yn 1990 in stânbyld oan de Seewei yn Bergen oan See, makke troch Hans Bayens.

Bibliografy 1889 - De interpretatione Aeschyli metaphorarum 1889 - Mei 20px 1998 - Fryske oersetting: Maaie (fert. Klaas Bruinsma) 1890 - Verzen 1895 - Spinoza, Ethica 1897 - De school der poëzie 1903 - Verzen 1906 - Een klein heldendicht 1912 - Pan 1928 - In memoriam 1928 - Verzen 1930 - Liedjes (trije dielen) 1931 - De arbeidersraad 1934 - Sonnetten 1935 - De groote dichters

Keppeling om utens Gorter yn de Digitale Bibleteek foar de Nederlânske Letteren Marxistyske auteurs : Herman Gorter

Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne Kategory:Nederlânsk polityk aktivist Kategory:Nederlânsk sosjalist Kategory:Nederlânsk kommunist Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn 1864 Kategory:Persoan stoarn yn 1927