It tiidrek fan de Adoptyfkeizers, ek Adopsjekeizers neamd, lei tusken 96 en 180 en wie in perioade yn it Romeinske Ryk dêr't fiif keizers efterinoar, om't sy gjin eigen neisieten hienen, ien of twa soannen as opfolgers adoptearren. Dizze perioade wurdt ek wol de Pax Romana of Romeinske Frede neamd, dêr't alle keizers it keizerryk op in tige kundige wize yn regearren.

De bloeitiid fan de adoptyfkeizers einige doe't keizer Markus Aurelius syn eigen soan Kommodus as opfolger beneamde. Kommodus wie in wreed hearsker waans bewâld faak fergelike wurdt mei dat fan Kaligula en Nearo. thumb|right|250px|Antoninus Pius sa. 150 (138-161) De keizers, Caesars en keizerinnen yn dit tiidrek binne: (by allegear is de titel Caesar takend oan de adoptyfsoan, útsein by Kommodus) Nerva (96-98) Caesar: Trajanus (97-98) Trajanus (98-117) adoptearre: Hadrianus Augusta: Plotina (frou) 105-~122 Augusta: Marsiana (suster) 105-~112 Augusta: Matidia (nicht) ~112-117 Hadrianus (117-138) Caesar: Aelius (136-138) Caesar: Antoninus Pius 138 Augusta: Matidia (skoanmem) 117-119 Augusta: Sabina (frou) 128-136 Antoninus Pius (138-161) Caesar: Markus Aurelius (138-161) adoptearre: Lusius Ferus Augusta: Faustina de Aldere (frou) 138-140/141 Augusta: Faustina de Jongere (dochter) 146-161 Markus Aurelius (161-180) meikeizer: Lusius Ferus (161-169) Augusta: Lusilla (frou) 164-182/183 Caesar: Kommodus {(161-180)} Augusta: Faustina de Jongere (frou) 161-175

Stambeam (1) = earste frou (2) = twadde frou (net oantsjutte) (3) = tredde frou LYTSE HAADLETTERS = fergoade nei dea streepkeslinen wize op in adopsje of (yn it gefal fan Hadrianus en Antinous) beminden

* Kategory:Romeinsk keizershûs