De einlûdferskerping is in fonologysk proses wêrby stimhawwende rûzers en ploffers oan 'e wurdein feroarje yn stimleaze.

Fonematysk Fonetysk Stavering Meartal/ferlinge foarm /wi:d/ [wi:t] wiid wide /bli:d/ [bli:t] bliid blide /krob/ [krop] krob krobben /dra:v/ [dra:f] draaf drave /hu:z/ [hu:s] hûs hûzen /mu:z/ [mu:s] mûs mûzen /la:ɣ/ [la:x] laach lagen Yn dit oersicht wurde de rûzers wol stimleas wurde (f, s, x) mar de ploffers net (d, b).

De ferlinge of meartalsfoarmen binne yn oerynstimming mei de útspraak (d, b, v, z, g). De net-ferlinge of meartalsfoarmen: draaf, hûs, mûs en laach hawwe de rûzers f, s, ch oan 'e wurdein yn de fonematyske foarm. Dêrby is it skriuwteken yn oerynstimming mei de fonetyske foarm; wiid, bliid en krob wurde skreaun mei de ploffers d en b oan 'e wurdein yn de fonematyske foarm. Dat is net yn oerienstimming mei de útspraak/fonetyske foarm.

Kategory:Fonology