De Noardlike Iissee (letterlik oerset út it Ingelsk: Arktyske Oseaan) is mei 14,09 miljoen km² de lytste oseaan op de wrâld. Dizze oseaan leit op de noardpoal, binnen de grinzen fan de Arktis. It djipste punt is 5608 m. De oseaan stiet yn ferbining mei de Noarske See nei de Atlantyske Oseaan ta en oer de Beringstrjitte nei de Grutte Oseaan.
De seeën Ta dizze oseaan hearre: de Baffinbaai de Barentssee de Beaufortsee de Eastsibearyske See de Grienlânsee (ek wol ta de Atlantyske Oseaan rekkene) de Hudsonbaai (ek wol ta de Atlantyske Oseaan rekkene) de Karasee de Laptevsee de Lincolnsee de Petsjoarasee de Tsjoektsjensee de Wite See
Eilannen en eilannegroepen Beare-eilân Beare-eilannen Frâns Joazeflân Jan Mayen Kanadeeske Arktyske Eilannen Baffinlân Keninginne Elizabetheilannen Ellesmere Kolosovitsj-eilannen Mona-eilannen Nijsibearyske Eilannen Noardlân Nordenskiöldarsjipel Nova Sembla Plavnikovye-eilannen Spitsbergen Wrangel
Kategory:Arktis Kategory:Oseaan Kategory:See yn Aazje Kategory:See yn Jeropa Kategory:See yn Noard-Amearika