thumb|left|250px|Stasjon Warkum Stasjon Warkum (Wk) is it spoarstasjon fan it stedsje Warkum yn de Súdwesthoeke.

It stasjon waard iepene op 8 novimber 1885 en leit oan it spoar fan Ljouwert nei Starum. It stasjon wurdt betsjinne troch Arriva persoaneferfier.

It stasjonsgebou út 1883 waard yn 1973 ferfongen troch in abry.

Skiednis It oarspronklike stasjonsgebou waard op 8 november 1885 iepene Stationsgebouw workum.nl oproppen op 3 desimber 2022 en hearde ta it Standerttype Snits. Dat gebou hie wachtkeamers foar de earste, twadde en tredde klasse, en loketten. It midpart waard bewenne troch de stasjonsmaster. It gebou waard yn 1973 sloopt en ferfongen troch in abry.

Yn de jierren 60 wiene der plannen en slút de spoarline Snits - Starum, dêr't ek it stasjon Warkum sletten troch wurde soe. Om dat te foarkommen, ward op 22 desimber 1969 in protestmars - in deakistewein ynbegrepen - holden. Lang om let besleat steatssekretaris Keyzer dat de spoarline iet ferdwine soe.Protest spoorlijn workum.nl oproppen op 3 desimber 2022

Treintsjinsten Rûte Tsjinst Undernimmer Tsjinstroaster Ljouwert - Starum Stoptrein Arriva 2x it oere (spitsoeren) - oars: 1x it oere (2023)* Sjoch foar it meast aktuele tsjinstroaster op de side fan Arriva.

Keppeling om utens Stasjon Warkum op Stationsweb

Warkum Kategory:Bouwurk yn Nijefurd Kategory:Bouwurk yn Súdwest-Fryslân Kategory:Warkum Kategory:Bouwurk út 1883 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1973 Kategory:Bouwurk út 1973