thumb|Wopke Eekhoff Wopke Eekhoff (Ljouwert 2 maart 1809 - dêre, 12 febrewaris 1880) wie in argivaris en útjouwer yn Ljouwert. Hy wie in soan fan in Eastfryske goudsmid.

Nei in Nutspriis krigen te hawwen foar Levensschetsen van beroemde Friezen, dat hy op tweintichjierrige leeftyd skreaun hie, begûn hy syn boeken yn eigen behear út te jaan. Hy waard oplaat by de Ljouwerter printer-útjouwer G.T.N. Suringar.

Mei de help fan gûverneur Humalda en Van Halmael foarme Eekhoff him ta regionaal histoarikus en waard er yn 1838 de earste stedsargivaris fan Nederlân. Neist syn argyf hold Eekhoff ek in boekwinkel en in lytse útjouwerij by yn in pân mei de namme Keizerskroon.

Fierders stifte Eekhoff de Steds Bibleteek fan Ljouwert en sammele er dêrfoar en foar de Provinsjale Bibleteek ek boeken. As autodidakt fûn men him wat eigensinnich, sadat er de bynamme Wopke profeet krige., Encyclopedie van Friesland, 1958. Eekhoff, Wopke

Eekhoff wie teffens goed 40 jier in tige aktyf lid fan it Frysk Genoatskip‘Een pedante kerel, overigens zeer geschikt’, Jan Folkerts

De Wopke Eekhoffpriis is in Fryske priis foar bydragen oan histoarysk ûndersyk yn Ljouwert.

Wurken Ta syn bekendste wurken hearre: Verzameling van Friesche spreekwoorden, gezegden, anecdoten, enz (1826) Nasporingen betrekkelijk de geschiedenis der voormalige Middelzee in Friesland (1834) - mei-skriuwer Petrus Brouwer Pz.Petrus Brouwer, DBNL Geschiedkundige beschrijving van Leeuwarden (1846) - ek digitaal beskikber Beknopte geschiedenis van Friesland (1851) Het leven van Eise Eisinga en geschiedenis van het Planetarium door hem van 1774 tot 1780 vervaardigd (1851) Nieuwe Atlas van de Provincie Friesland, enz (1854)

Keppeling om utens Wopke Eekhoff by de DBNL

Kategory:Frysk argivaris Kategory:Frysk útjouwer Kategory:Frysk persoan fan Eastfrysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1809 Kategory:Persoan stoarn yn 1880