thumb|Josef Mengele yn 1956 thumb|Block 10 yn Auschwitz dêr't Mengele syn eksperiminten útfierde Josef Mengele (Günzburg, 16 maart 1911 – Bertioga (Brazylje), 7 febrewaris 1979) wie dokter yn konsintraasjekamp Auschwitz; hy wurdt ek wol 'Ingel fan de dea' neamd. Mengele moast yn 1940 nei de Wehrmacht. Hy melde him yn augustus 1940 frijwillich by de Waffen-SS. Hy begûn as bataljonsdokter, mar rekke slim ferwûne oan it eastfront. Om syn sûnens koe er net werom nei it front en waard dokter yn konsintraasjekamp Auschwitz op 30 maaie 1943 as SS-Hauptsturmführer (kapitein).

Kampdokter yn Auschwitz Hy beslute dêr wa't libje mocht en wa't fuort dea moast. Hy is meast ferneamd om syn ferskriklike medyske eksperiminten. Dy eksperiminten dy er benammen mei twillingen. Hy sette se yn in kâlde keamer dêr't se bliuwe moasten oant se dea gongen, yn fakuümkeamers, amputearre dielen fan de lea en organen (meast sûnder ferdôving) en teste nije behannelings en genêsmiddels. Hy hat ek ris in twilling oan inoar nuddele omdat er witte woe oft er ek in siameeske twilling meitsje koe. Hy besocht mei blauwe floeistof om fan donkere eagen blauwe eagen te meitsjen. Syn eksperiminten mislearren faak en dat hie faak de dea fan syn 'testobjekten' ta gefolch.

Flecht Nei de kriich bleau er fjouwer jier ferskûle op in boerepleats yn Beieren. Hy naaide yn 1949 út nei Súd-Amearika oer Itaalje. Hy wenne tusken 1949 en 1959 yn Buenos Aires yn Argentynje, mei finansjele stipe fan syn famylje. Yn 1954 gong er by de frou wei. Yn 1956 wie er op fakânsje yn Switserlân mei de widdo fan syn broer, syn soan en neef. Hy frege in Dútske pas oan ûnder syn eigen namme - dy't er ek krige. Hy troude wer yn 1958 yn Montevideo, Urûguay, mei syn skoansuster.

Op 3 augustus 1958 die de skriuwer Ernst Schnabel, dy't oer Anne Frank skreaun hie, oanjefte tsjin Mengele. Febrewaris 1959 waard in arrestaasjebefel makke. Mengele teach nei Paraguay en waard Paraguaansk steatsboarger. Doe't de MOSSAD yn de simmer fan 1960 Adolf Eichmann út Paraguay meinommen hie, gong Mengele nei Brazylje. Mengele stoar yn 1979 ûnder it swimmen oan in hertynfarkt of in beroerte. Hy is mei de namme 'Wolfgang Gerhard' te hôf brocht. Syn dea waard net kundich makke. Earst yn 1985 waard syn lichem opgroeven. Yn 1992 waard DNA fan it opgroeven lichem ûndersocht mei famylje dy't noch libben, en waard fêststeld dat it yndie Josef Mengele wie.

Militêre karriêre SS-Hauptsturmführer: SS-Obersturmführer: SS-Untersturmführer:

Registraasjenûmers NSDAP-nr.: 5 574 974 SS-nr.: 3 177 885

Keppeling om utens Biografy troch Sven Keller (fergelykjende literatuer), mei korreksjes op oare ynternetbiografyen Mengele-biografy by Shoa.de DHM Biografy 197 Orizjinele dokuminten oer Mengele by it Simon Wiesenthal Center Los Angeles Tiidline libben Mengele Josef Mengele op IMDb

Kategory:Dútsk dokter Kategory:Dútsk publisist Kategory:Dútsk ofsier Kategory:Dútsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Lid fan de NSDAP Kategory:Lid fan de SA Kategory:Lid fan de SS Kategory:Lid fan de Waffen-SS Kategory:Dielnimmer oan de Holokaust Kategory:Dielnimmer oan de Porajmos Kategory:Kamppersoniel yn Auschwitz Kategory:Dútsk balling Kategory:Dútsk faksist Kategory:Paraguayaansk dokter Kategory:Paraguayaansk publisist Kategory:Paraguayaansk ofsier Kategory:Paraguayaansk faksist Kategory:Paraguayaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan dy't omkommen is troch ferdrinking Kategory:Persoan berne yn 1911 Kategory:Persoan stoarn yn 1979