Wilamowice (Wilamowytsersk: Wymysoü, Dútsk: Wilmesau) is in stêd yn it Poalske woiwodskip Sileezje yn 'e powiat Bielsko yn 'e gmina Wilamowice. It oerflak beslacht 10,41 km².
Skiednis It plak waard foar it earst 1325 neamd as Novovilamowicz. De stêd waard yn 'e rin fan 'e jierren fan 'e Dútske Ostsiedlung stifte en befolke. De emigranten kamen neffens de oerlevering út Flaanderen, Fryslân, Hollân en Skotlân. Sûnt de 15e iuw wie plak bekend ûnder twa Dútske nammen: Wilmeshau en Wilmesdorf. De plaknamme is noch faak feroare, mar ein 18e iuw wie it meast Wilmesau. Mei troch endogamy en it geografysk isolemint fan 'e stêd yn in fierders Poalsktalige krite Bielsko-Biała, ûntjoech him dêr in pleatslik dúdlik te ûnderskieden kultuer mei eigen gebrûken, in eigen dracht en in eigen dialekt, dat oant de Twadde Wrâldkriich brûkt waard.
Twadde Wrâldkriich en de neisleep De nazy-ynvaazje yn 1939 feroare de sosjale oarder folslein. In soad ynwenners fan Wilmesau waarden op 'e Deutsche Volksliste set. Hoewol't dy registraasje troch de besetter faak ôftwongen waard by sawol de Wilamowytsers as etnyske Poalen yn 'e regio Bielsko-Biała, hie it nei de oarloch grutte gefolgen.
Mei de komst fan it Reade Leger yn 1945 en it nije Poalske kommunistyske bestjoer, briek in drege tiid oan. De ekonomyske rykdom fan 'e stêd hie foar in soad oergeunst soarge by de Poalske befolking út de omlizzende doarpen. Mei tastimming fan 'e nije autoriteiten waarden tal fan famyljes út Wilamowice fan harren pleatsen en hiemen ferdreaun troch harren eigen buorlju, dy't de Volksliste as ferlechje brûkten foar de besitsoername. Dat de befolking net folslein ferdreaun waard út de regio, hie te krijen mei it berop fan 'e bewenners op harren Nederlânske komôf; hja oertsjûgen de autoriteiten dat hja gjin Dútsers wiene, mar fan Flaamsk-Nederlânske oarsprong. Nettsjinsteande dat de pleatslike taal ferbean waard yn it ramt fan in strange ferpoalsking oant 1956, wurdt der hjoed-de-dei noch altiten in foarm fan it Wilamowytsersk sprutsen, al stiet de taal op it punt fan útstjerren.Vgl. Tomasz Wicherkiewicz: The making of a language: the case of the idiom of Wilamowice, southern Poland. 2003
Ferneamde lju út Wilamowice Józef Bilczewski (1860–1923) - aartsbiskop fan Lwów Florian Biesik (1849–1926) - skriuwer
Kategory:Plak yn Poalen Kategory:Plak yn woiwodskip Sileezje Kategory:Wilamowytsersen Kategory:Plak stifte yn de 14e iuw