Hotze Brouwer (Eagmaryp, 28 maaie 1910 - Dunegea, Skarsterlân, 17 maart 1945) wie in feehâlder en fersetsman yn de Twadde Wrâldoarloch.
Brouwer buorke op de Beatrixhoeve yn Haskerhoarne by it Nannewiid. Hy hie in oandiel yn it ferbergjen fan dêr dropte wapens yn syn pleats. De slachsin dy't by it droppingsfjild brûkt waard wie: 'Dy't de skoech past, docht him oan.' Boppedat wie hy meiwurker fan de Lanlike Organisaasje foar Help oan Underdûkers. Brouwer waard op 8 febrewaris 1945 arrestearre en oerbrocht nei SD-finzenis Crackstate op It Hearrenfean. Hy waard beïerdige op it N.H. begraafplak yn Haskerhoarne.
De tinksteen yn de pleats fan Schotanus yn Dunegea herinneret oan de fusillade op 17 maart 1945 fan Hotze Brouwer en njoggen oare finzenen út de Crackstate.
Kategory:Frysk boer Kategory:Frysk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Frysk misdieslachtoffer Kategory:Persoan dy't stânrjochtlik eksekutearre is Kategory:Persoan berne yn Eagmaryp Kategory:Persoan stoarn yn Dunegea Kategory:Haskerhoarne Kategory:Persoan berne yn 1910 Kategory:Persoan stoarn yn 1945