Jan Dotinga (Britsum, 1 july 1934 - Bûtenpost, 6 augustus 2024) Deaberjocht, mensenlinq.nl wie in Frysk dichter, skriuwer en learaar.
Dotinga groeide op yn it Stienzer Aldlân en folge de oplieding ta ûnderwizer oan de Herfoarme kweekskoalle Mariënburg te Ljouwert. Hy stie oan de kristlike legere skoallen yn De Pein, Skearnegoutum, Marrum, It Hearrenfean en Ternaard. Dêrnei wie er fjouwer jier learaar oan de Lânbouhúshâldskoalle te Garyp. Fan 1969 oant 1985 wie er haad fan 'e Skoalle fan Droegeham. Oant 1992 wie er dêr learaar by it basisûnderwiis.
Yn 1960 (‘Aldershûs’), 1962 (‘Unbiwenber forklearre’), 1964 en 1975 (‘Stil minske yn ‘t swart’) wûn er de Rely Jorritsmapriis. De grutte Provinsjale priis foar proaza en poëzy oer de lêste oarloch (3e priis foar fers : ‘Fiif ympresjes’)
Mei Baukje Wytsma soarge er foar de sjong- en sprekteksten yn it muzykspektakel Gysbert sjongt, foar de Boalserter Oratoariumferiening yn 1995, op wizen fan Jaap Oosterwijk.
Dotinga wie Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau en lid fan de Fryske Akademy.
Dotinga stoar yn de âldens fan 90 jier en waard beïerdige op it hôf fan Bouwekleaster ûnder Droegeham.
Wurk Poëzij Lytse Ivichheit (1965) Nei oanlieding (1966) Notysjes (1966) Apel en aei (In leafdesfers nei it heechliet. Lino’s en typografy fan Gerrit H. Messchendorp) (1972 Finsters op Helgolân (1974) Flaggen en tûkelteammen (1978) Efter it blêd oan (1981) Byldtaal / Beeldtaal (1982) Nôt (It ferhaal fan Ruth yn fersen) (1988) Sêft wurdt de hurde domme dei (bernegedichten) (1988) Lang gjin lykwicht : fersen fan de tachtiger jierren Ik wol dy wizer ha (2003) Moeting mei de dea - hûndert kwatrinen. Oersetting fan hûndert kwatrinen fan W.A.P. Smit. (2011)
Ferskaat Nou’t Hij de hichte hat… (bondel mei gebeden, fersen en belidenissen (1979) Wa sil genêze (gedichten, gedachten, gebeden en belidenissen) (1982) Fan wurden oermânsk (gedichtesyklus skreaun n.o.f. proaza en poëzy fan Simke Kloosterman) (1991) Frieslands dichters Vandaag (redaksje, mei oaren)( 1979) De Ham, in doarp op ’e sânen, in histoarje fan Droegeham (1985) Fertel en fier it feest (bydrage yn bondel mei fersen en ferhalen foar kristlike feestdagen) (1986) Mei de dea foar eagen (bysûnder nûmer fan De Stim fan Fryslân, redaksje, mei oaren) (1990) Lieten foar libbenen, foar de Sneker Cantorij, op muzyk set troch Wim D. van Ligtenberg. (1991). Fan bern, klúnkoek en tsjerken (sammelbondel fan stikjes proaza skreaun foar De Stim fan Fryslân en Geandewei) (2006)
Keppeling om utens Teksten fan Jan Dotinga yn de DBNL
Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Droegeham Kategory:Persoan berne yn Britsum Kategory:Persoan stoarn yn Bûtenpost Kategory:Persoan berne yn 1934 Kategory:Persoan stoarn yn 2024