Ane Nauta (Hilaard, doe yn Baarderadiel, 21 oktober 1882 - Ljouwert, 9 april 1946) wie in arsjitekt fan skoallen, pleatsen en wenhuzen.

Biografy Hy makke namme as boumaster fan grifformearde tsjerken yn Fryslân. As soan fan arsjitekt-oannimmer Wybe Thomas Nauta en Trijntje Sytses Douma learde er it fak yn de praktyk yn Hilaard. Hy wie opsichter by de bou fan de grifformearde tsjerke fan Winterswyk (1905), dy't ûntwurpen wie troch arsjitekt Tjeerd Kuipers. Yn dy syn styl ûntwurp Ane Naute de grifformearde Stedsleanetsjerke yn Drylts (1910), de tsjerke fan Lollum (1916) en Raard (1916) en Ternaard (1921).

Oant 1920 wie Nauta gemeente-arsjitekt fan Westdongeradiel. Fernijend wie er mei de bou fan de grifformearde tsjerke op It Hearrenfean, ien fan de earste twa betonnen tsjerkegebouwen (de oare stiet op De Tynje). Hy ûntwikkele in eigen styl dy't werom te kennen is oan de grifformearde tsjerken fan De Jouwer (1922), Wâlterswâld-Driezum (1923), Wolvegea (1923), Mearum (1924), Tsjummearum (1924), Nes (Dongeradiel) (1925), Wurdum (1925) en Dokkum (de Noardertsjerke en Eastertsjerke). Wat minder oermjittich binne de tsjerken yn Bitgummole (1925), Ljussens (1927) en Seisbierrum (1927). Yn meardere plakken wie it yn inoar opgean fan ôfskiedenen en dolearjenden reden foar nijbou fan de tsjerke, lykas yn Dokkum, Sint-Anne (1926) en Boalsert (1929).

Wurk (kar-út) Jier Plak Wurk BysûnderhedenOfbyld1911DryltsStedsleanetsjerke Oargel is ryksmonumint90px1913AaltenEastertsjerke 90px1915LollumGrifformearde tsjerke1918RaardMarthatsjerke 90px1921It HearrenfeanKrústsjerke90px1921De JouwerGrifformearde tsjerkeSloopt yn 198490px1921TernaardGrifformearde tsjerke1922WâlterswâldGrifformearde tsjerke90px1923MarrumGrifformearde tsjerkeSloopt1924TsjummearumGrifformearde tsjerke1925BitgummoleGrifformearde tsjerke1925DokkumNoardertsjerkeSloopt1925WurdumUnitastsjerke 1925WolvegeaIchtustsjerke 1925KollumersweachGrifformearde tsjerke90px1926DokkumEastertsjerke 1926Nes (Dongeradiel)Grifformearde tsjerke90px1926Sint AnneGrifformearde Gideontsjerke90px1927LjussensGrifformearde tsjerke90px1928SeisbierrumGrifformearde tsjerke90px1929BoalsertGasthûstsjerke (Grifformeard)90px

Kategory:Frysk arsjitekt Kategory:Persoan berne yn Hilaard Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1882 Kategory:Persoan stoarn yn 1946