De Wynmotor Molkwar is in poldermûne en ryksmonumint by op 'e grins fa 'e himrikken fan Molkwar en Koudum, yn de gemeente Súdwest-Fryslân.

De mûne is in mealreeë Amerikaanske wynmotor, dy't ûngefear in heale kilometer besúdwesten Koudum oan it Jan Boerskanaal stiet. Hy waard yn 1925 boud foar de bemealing fan it westlike diel fan de polder de Grutte Wester Gersleat fan it wetterskip Ymedaem, as opfolger fan in yn dat jier sloopte tradisjonele poldermûne út 1854.

De wynmotor is in Herkules Metallicus, dy't makke waard by de Vereinigte Windturbine Werke AG yn Dresden en ymportearre waard troch de handelsmaatskippij R.S. Stokvis en Zn yn Rotterdam. Hy hat in wynrêd fan 30 blêden mei in diameter fan 12 meter en heart ta de grutste wynmotors fan Fryslân. De mûne, dy't yn 1994/1995 restaurearre waard troch de firma Bakker út Drylts, is eigendom fan de Molestifting Nijefurd. Hy is oanwiisd as ryksmonumint en kin op ôfspraak besichtige wurde.

300px|thumb|left|Wynmotor Molkwar yn 'e delgeande sinne (2009)

Sjoch ek Wynmotors yn Fryslân

Kategory:Koudum Kategory:Mole yn Nijefurd Kategory:Mole yn Súdwest-Fryslân Kategory:Ryksmonumint yn Nijefurd Kategory:Ryksmonumint yn Súdwest-Fryslân Kategory:Poldermole Kategory:Bouwurk út 1925 Molkwar