Andreas Cornelius (Starum, ? - Harns, 1589) wie in kronykskriuwer. Neffens Suffridus Petrus, dy't fan apokrife skiedskriuwing fertocht wurdt, in Harnzer oargelist fan Starum.
De kronyk waard publisearre yn 1597 yn Ljouwert ûnder de titel Croniicke ende waarachtige Beschrijvinge van Vrieslant. Yn syn foaropwurd beweart Cornelius dat hy him basearret op wurken fan Ocko fan Skarl (út de 10e iuw) en op in kronyk fan Johannes Flytarp, skriuwers dy't fierders net bekend binne. It wurk waard al troch Ubbo Emmius as folslein ûnbetrouber ôfwiisd. Oer de troch Cornelius oanfierde boarne Johannes Flytarp is fierders neat bekend. Hy soe de sekretaris west ha fan in potestaat Martena, dy't ek troch nimmen oars neamd wurdt.Vlietarp, Johannes, Biographisch woordenboek der Noord- en Zuidnederlandsche letterkunde (1891). Waterbolk fermoedet dat de kronyk troch Joachim Hopperus of in oare Fryske humanist út it fermidden fan Viglius fan Aytta komponearre wurden wêzen kin.
Kategory:Frysk skiedkundige Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk muzikant Kategory:Frysk oargelist Kategory:Persoan berne yn Starum Kategory:Persoan stoarn yn Harns Kategory:Persoan berne yn de 16e iuw Kategory:Persoan stoarn yn 1589