thumb|240px|De Wynmotor De Hoeve yn 2005 De Wynmotor De Hoeve is in poldermole by it doarp De Hoeve yn de gemeente Weststellingwerf. Hy stiet hast 3 km benoardeasten it doarp yn it lyts natuergebiet oan de súdlike ouwer fan de Linde.
De mole is in lytse Amerikaanske wynmotor mei in wynrêd fan 12 blêden en in diameter fan 3,5 meter, dy't makke waard troch de firma Bakker út Drylts. It krekte boujier is ûnbekend. De mole is net mealree en is net foar publyk tagonklik, al kin men der wol op in pear meter ôfstân by komme.
Sjoch ek Wynmotors yn Fryslân
Keppeling om utens
De Hollandsche Molen - Wynmotor De Hoeve te De Hoeve
Kategory:Mole yn Weststellingwerf Kategory:De Hoeve Kategory:Bouwurk út de 20e iuw Hoeve