De Skarmole is een poldermole tichtby it doarp It Heidenskip yn de gemeente Súdwest-Fryslân. It is in mealreeë Amerikaanske wynmotor fan it type Herkules Metallicus, dy't goed twa kilometer súdwestlik fan It Heidenskip oan de Fluezen stiet. Hy waard om 1920 hinne delset foar it bemeallen fan de polder De Foarútgong, as ferfanger fan in tradisjonele wynmole. De wynmotor waard levere troch R.S. Stokvis & Zn fan Rotterdam.
Yn 1999 skonken de doetiidske eigeners de mole, dy't der doe ferfallen by stie, oan de Molestifting Nijefurd. Dy liet him restaurearje, wêrnei't er yn 2002 op 'e nij yn gebrûk steld waard. De Skarmole, in ryksmonumint mei 30 blêden en in flecht fan 10 meter, kin op fersyk betsjinne wurde.
Sjoch ek Wynmotors yn Fryslân
Keppeling om utens
Moledatabank - Koudum, De Skarmole De Hollandsche Molen - De Skarmolen yn It Heidenskip
Kategory:It Heidenskip Kategory:Mole yn Nijefurd Kategory:Mole yn Súdwest-Fryslân Kategory:Ryksmonumint yn Nijefurd Kategory:Ryksmonumint yn Súdwest-Fryslân Kategory:Poldermole Kategory:Bouwurk út 1920 Skarmole