Sportferiening Olyphia is de fuotbalklup fan Noardwâlde. De feriening hie earder ek in basketbalteam Olyphia. De klup is oprjochte op 25 maaie 1928. It team spilet op Sportpark "Spokedam" oan de Elswei yn Noardwâlde en hat dêr 2 fjilden. It klupblêd hjit De Ekkelwiek.

It standertalvetal komt yn it seizoen 2024/25 út yn de tredde klasse snein fan it KNVB-distrikt Noard.

Olyphia beskikt yn it seizoen 2020 -2025 noch mar oer trije senioaren heare-alvetallen. De feriening hat gjin jeugdteams mear. Dy binne opgien yn SJO Vidosa (Vier Dorpen Samen), in gearwurkjende jeugdorganisaasje. Dêr wurkje vv Zandhuizen, vv Oosterstreek, vv Sport Vereent en sv Olyphia yn mei de jeugd gear. Foarhinne hie Olyphia seis senioarealvetallen (5 manljusteams en 1 frouljusalvetal) en mar leafst 14 jeugdteams.

Tenu: grien shirt, wite broek en griene sportsokken Keppeling om utens Webstee Sportferiening Olyphia

Olyphia Olyphia Kategory:Noardwâlde Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1928