De Marsumermole is in poldermole en in ryksmonumint westlik fan Marsum yn de gemeente Waadhoeke.

Skiednis thumb|left|Stichtingsstien De Marsumermole, in muonts dy't wat noardwestlik fan it doarp stiet, waard yn 1903 boud foar it bemeallen fan de Marsumerpolder. Tanksij in twadde fizelynstallaasje kin hy ek ynmealle. Yn 2000 waard de mole foar it lêst restaurearre.

It is in houten achtkante muonts, mei stiennen fjildmuorren, dekt mei reid en in flecht fan 22,00 meter. De Marsumermole, eigendom fan de Stifting Moles yn Menameradiel, is mealree yn sirkwy en kin op ôfspraak besichtige wurde. Ek kin hy as trouseal brûkt wurde.

Yn desimber 2019 krige de Marsumermole in nije fizel.Doarpsside Marsum Keppeling om utens Moledatabank - Marsum, De Marsumermole De Hollandsche Molen - De Marsumermole yn Marsum

Kategory:Marsum Kategory:Mole yn De Waadhoeke Kategory:Ryksmonumint yn De Waadhoeke Kategory:Muonts (mole) Kategory:Poldermole Kategory:Bouwurk út 1903 Kategory:Mole yn Menameradiel Kategory:Ryksmonumint yn Menameradiel