Fuotbalferiening De Lemmer is oprjochte op 22 maart 1922 en spilet op sportpark Lemster Feart oan it Lemsterpaad. It tenu fan de klup bestiet út in grien-swart streke shirt shirt, in swarte broek en griene sokken.

Skiednis Fuotbalferiening De Lemmer waard oprjochte nei in oprop yn de Lemster Krante fan 17 maart 1922, foar de oprop yn de krante bestie der al in jongesklupke, dat him De Lemmer 1 neamde. Der wie in sportfjild op De Lemmer en se hiene de boargemaster frege om der doelen op sette te meien. It fjild hie lykwols net de goede ôfmjittings foar in fuotbalfjild. It wie in aktyf groepke, want sy hiene ek al donateurs krigen. En in pear fan dy fuotballeafhawwers hiene it op harren naam om út te sjen foar in oar terrein. Boppedat woene se har garant stelle foar de hier dêrfan. Harren each foel op in heech stik fan it Lemsterhop, dat hja hierden fan it Wetterskip.

De opkomst nei oanlieding fan de advertinsje wie net sa hiel grut. Mar mei 14 persoanen genôch foar de oprjochting fan in fuotbalklup. De namme fan de fuotbalferiening waard LVV (Lemster Fuotbal Feriening) en it tenu: swarte broek en griene shirt.De earste wedstriid waard lykwols net op De Lemmer spile, mar yn Skarsterbrêge. It fuotbalfjild, dat op de Lemsterhop oanlein wurde soe, wie nammentlik noch net klear.

De Lemmer fuotballe dus by har start op it Lemsterhop, ek wol 't Oosthoekje neamd. It fuotbalfjild lei efter de âlde seedyk en wie fan de Sudersee ôfskaat troch in lyts simmerdykje, de Kuinderse-daam. De klup hie oant de ein fan de Ofslútdyk in soad lêst fan it wetter. It barde foaral yn de hjerst nochal ris, dat it fjild by westerstoarm behoarlik ûnder wetter kaam te stean, soms sels oan de doellatte ta. De fuotbalferiening beskikte oer ien fjild, dat ek brûkt waard om te trainen. Boppedat hie De Lemmer in tribune mei klaaikeamers. It Wetterskip sei de hier fan it fuotbalfjild op en yn 1951 ferhuze de fuotbalferiening nei de Lemster Feart. De tribune en klaaikeamers ferhuzen mei. In sportkompleks mei twa wedstriidfjilden en in trainingsfjild.

Oan it begjin fan de 1970-er jierren wurdt it trainingsfjild fergrutte en komme der nije ljochtmêsten, in nije tagong ta it sportpark, nije klaaikeamers en kantine. Healwei dyselde jierren 1970-er jierren brânde de âlde tribune folslein ôf. Yn 1980 wurd de kantine fergrutte.

Lemmer, de Kategory:De Lemmer Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1922