Fiskerijmuseum Aike fan Stien is in lyts museum oan de Riedhûsstrjitte fan West op Skylge. Aike fan Stien wie in fisker fan it eilân. Syn pakesizzers hawwe syn húske as museum ynrjochte as oantinken oan harren foarâlden dy't allegear fisker wienen.
Ta de kolleksje hearre in soad netten en fiskersark dat tusken 1850-1950 brûkt waard. Fierders wurdt omtinken jûn oan: seehûnejacht skipshelling fan "Krul" tousplitsen en knopen skipsmodellen
Sjoch ek List fan Fryske musea
Kategory:Museum yn Fryslân Kategory:West-Skylge Kategory:Organisaasje mei ûnbekend jier fan oprjochting Kategory:Organisaasje oprjochte yn de 20e iuw