Fuotbalferiening Eastermar is oprjochte op 5 juny 1969 en spilet op Sportpark Burgerkamp yn Eastermar. It tenu fan de klup bestiet út in giel shirt mei in blauwe middenstreek, in blauwe broek en sokken yn deselde kleur.
Skiednis De feriening waard oprjochte troch fuotballers út Eastermar dy't yn eardere jierren om skoaltiid hinne fuotballen op it fjild efter de Kristelike Nasjonale Skoalle oan It Heechsân. Nei de oprjochting groeide de feriening rap. Der kaam in ôfspraak om te trainen op it fjildsje efter de beukerskoalle fan doe. Om't fjildsje efter de K.N.S. tefolle te lijen hie fan it yntensive gebrûk.
De wedstriden, earst oefenpotsjes tsjin ‘bierploegen’ en ferienings út de omkriten, waarden spile op in stikje greide oan de Grote Hornstweg tusken de nûmers 14 en 16. Dat ‘fjild’ hie de minimale maten en it publyk koe eins mar oan ien lange kant stean.
Troch de beheinde romte wie it behelpen dêr oan Grote Hornstweg as der op de iene goal mist waard fleach de bal oer de Grote Hornstweg en efter de oare goal moast de bal soms út ‘e groppe fan ‘e oangrinzjende stâl helle wurde. Net by dit wedstriidfjild en ek net by it treningsfjild wiene klaairomtes. De skiedsrjochter hie by it wedstriidjild in hokje fan 1x1 meter ta syn foldwaan en koe him dêr allinnich mar omklaaie.
Yn 1971 ferhuze it wedstriidfjild nei in oare lokaasje: it terrein lei yn 'e krusing fan de Grote Hornstweg en de Swarteweg. Dit plak waard troch de gemeente as in tydlike oplossing oanmurken. Dy tydlikheid duorre sa'n seis jier. Op 22 oktober 1977 waard it hjoeddeiske sportkompleks iepene oan ’t Hof, mei twa wedstriidfjilden en in treningsfjild.
Kategory:Eastermar Eastermar Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1969